Understeande tekst is ek te lêzen op:
www.hurdegaryp.nl - knop DORPSBELANGEN en dêrnei de knop Extra info lessenaars.

Bennema State om ende by 1925 - foto kolleksje Ids Westra

Histoarysk oersjoch

1661
De stichter wie in Bennema en wol Jelmer(us) Bennema, (berne 1628/29) út Ljouwert. Hy kaam út in famylje fan rike bierbrouwers en keaplju, oarspronklik menisten. Jelmer troude yn 1661 mei syn efternicht Elbertje Pouweltsz Fortuyn út Amsterdam en sil net folle letter begûn wêze mei de bou fan in nij lânhûs te Hurdegaryp, dat de namme Bennema State krige.

It wie de 'gouden iuw' en alles wie wolfeart yn it lân. Hy folge hjirtroch de betreklik algemiene moade fan dy tiid. No't bekend is hoe't Bennema State oan syn namme komt, kin noch in stapke fierder dien wurde. Ommers famyljes ûntliene harren namme ek wer earne oan. Yn it gefal fan Bennema State is dit goed nei te gean. Jelmer syn pake en beppe fan heitekant wiene Jasper Pouweltsz, brouwer te Ljouwert en Lijsbeth Pyter. Lijsbeth har heit wie Pyter Jeltes keapman te Kollum, dy't yn 'e tiid namme makke as foarman fan de frijsinnige meniste streaming "It Pyter Jeltsjes-folk". Pyter Jeltes wie eigener fan de Bennemaheerd yn Noordhorn yn de provinsje Grinslân. In heerd yn de Grinzer kontreien is sawat itselde as in State yn Fryslân, dat is te sizzen in foarnaam bûten. Dizze heerd wie stichte troch de aadlike famylje Benninga. Troch ervjen kaam de heerd yn it besit fan Jelte Jaspersz, de earste fan dy famylje dy't him Bennema neamde. Hy wie de heit fan Jelmer.

Om't Jelmer iennichst bern wie, wurdt er nei it ferstjerren fan syn heit (1640) ek eigener fan Bennemaheerd. Bennema State is yndirekt neamd nei Bennemaheerd yn Noordhorn. Werom nei Jelmer Bennema. Hy liket alles mei te hawwen. In frou, in famke en jild genôch. Sa'n soad jild sels dat er syn hiele libben rintenierje koe, mar troch it needlot wurdt er net sparre. It famke ferstoar flak nei de berte, en syn frou ferstoar yn 1665. Jelmer sels waard op 5 juny 1668 yn de Westertsjerke yn Ljouwert begroeven en is dus mar 40 jier âld wurden. Doe't de frou noch libbe, hiene se in testamint opmeitsje litten, dêr waard û.o. yn bepaald dat Bennemaheerd yn besit kommen soe fan in broer fan Elbertje, Gerardus Fortuyn. Oer Bennema State sels waard neat fêstlein, mar de erfgenamt kaan dochs al gau yn Hurdegaryp as de nije eigener en bewenner.

1668
Gerdardus Fortuyn wie ek rintenier. Foar safier bekend, hie er gjin berop. Wol in pear minder wichtige funksjes lykas dykdeputearre fan It Nij Bilt (dêr hie er ek stikken lân), âlderling en tsjerkfâd fan Hurdegaryp. Hy wie yn 1662 yn it doarp troud mei Janneke van Dalen en liet him it jier dêrop op belidenis dope. Hy wie dus oarspronklik ek menist. Fan syn (foar)âlders yn Amsterdam en Fryslân hie er gâns besit meikrigen, mar folle bakte er der net fan. Hy die syn namme gjin eare oan. Ut de stikken komt er oan it ljocht as in 'born loser' (berne ferliezer). As er in proses fierde, ferlear er dat en hy makke skulden, dêr't elkenien him oer fernuvere. Nei 1675 moast er útferkeap fan syn besit hâlde om syn saken noch wat yn it lykwicht te hâlden. Bennema State hat er lykwols net fan de hân dien. Krektoarsom, hy makke der nochal wat fan. Sa liet er in keunstige binnenpoarte meitsje troch de Ljouwerter byldhouwer/houtsnijer Focke Idses, de man dy't yn 1670 hinne ek de panielen yn 'e preekstoel fan de Herfoarme tsjerke makke hat. Dy binnenpoarte is it iennichste wat fan Bennema State oerbleaun is. It keunstwurk wie te sjen yn it 'âlde' Frysk Museum oan 'e Twibaksmerk yn Ljouwert.

Hy liet ek in hearebank oanbringe yn de herfoarme tsjerke fan Hurdegaryp, dy't lykwols by de lêste restauraasje fan de tsjerke yn 1981 der úthelle is en fia de Stichting Alde Fryske Tsjerken, ferhuze is nei de tsjerke fan Feinsum.

Gerardus Fortuyn is yn 1713 stoarn. Syn frou, in jier of fiif earder. Hy is sa'n 80 jier wurden, wat foar dy tiid tige âld is. De âldman sil de hoop hân hawwe, dat syn bern deselde leafde foar Bennema State opbringe koene, mar dat mocht net sa wêze.

De soan, dr. Jelmerus Gellius Fortuyn, doopt yn Hurdegaryp op 15 oktober 1671, en neamd nei erfomke Jelmerus Bennema, waard erfgenamt. Hy wie advokaat yn Ljouwert en ferkocht de State noch yn 1713 oan Jurjen Isaäcks Groenewolt, "tonnemeester fan de provinsje Fryslân", en syn frou Lijntjen Bintes yn Ljouwert. It keapkontrakt sprekt fan "in hearlike en moaie pleats en lannen, mei-inoar in pleats en skuorren, hôf mei beammen en plantaazjes"

Der is neffens sizzen 70 pûnsmiet (à 3678 m2) lân by, sawol boulân as greidlân. By de keap heart ek in "antike staasje yn it koar fan 'e tsjerke" en in wettermûne. By it hiem hearre grêften, leanen, fivers, en in oprydleane. De State giet fan de hân foar ± 71,5 gûne it pûnsmiet, alle opstallen ynbegrepen. Foar de ferkeaper sil it in ôffaller west hawwe dat de lânmjitter net fierder kaam as goed 61 pûnsmiet.

1718
Isaack Groenwolt stiet dan as eigener en bewenner ynskreaun, sûnder mis in soan. De famylje wennet hjir dus al, mar sil Bennema State dochs as twadde wenning brûkt hawwe.

1725
De State waard wer ferkocht, no oan de kolonel Willem Livius van Vierssen en syn frou Cristina van Scheltinga út Burgum. Van Vierssen wie doe al jierrenlang eigener fan twa pleatsen yn Hurdegaryp: ien yn Gaestmabuorren en ien neist Bennema State. Hy is yn 1752 ferstoarn. Sûnder mis wie er yn syn tiid sûnder mis de rykste man fan dit doarp; as er it earlik by de belesting oanjûn hie, kaam liet syn kapitaal op fl 100.000. Nei syn ferstjerren wie it fuort út mei de leafde fan de famylje Bennema. Bennema State waard ferkocht oan Boelardus Augustinus van Boelens, dy't doe yn Tytsjerk wenne.

It hûs waard beskreaun as in "hearlike huzinge, besteande út in royaal foarhûs, grutte seal mei in sydkeamer twa achterkamers mei behang, trije boppekeamers, twa dito lytsere, in keuken mei in bedstee en foarriedkast, in galerij mei tinkast, in bierkelder mei in ôfskette wynkelder, klean- en turfsouder". Der is ek in 'sekreet' of húske by en in skuorre, in hynstestâl mei plak foar fiif hynders en in weinhûs. Apart neamd waard noch in reinwetterbak en in saad foar grûnwetter. Om it hiem hinne twa mânske singels en in grut hôf mei bêste fruchtbeammen, neamd "naantiehoff" (dat is in hôf, dêr't fruchtbeammen keunstmjittich leech op 'e stamme holden wurde), in blommetún, fivers en in stek mei stiennen peallen by de yngong (de hameie).

It byhearrende lân wie 36 pûnsmiet (goed 13 bunder) grut. Yn de akte stiet fansels ek it stimrjocht dat oan 'e State oan ferbûn is. Fierder binne der ek noch ferplichtingen oan ferbûn, lykas ûnderhâld fan in stik dyk foar it hûs, in stik simmerdyk en (foar in part) "de Hurdegariperbrêge". It grutte ferskil mei 1725 is dat der net mear bjind wurdt op Bennema State. Eartiids wie der by it hûs noch in "huis manne kamer" mei twa bedsteden, en in molkenkelder. Der wie doe ek folle mear lân by, mei-inoar 95 pûnsmiet. De akte praat yn it foarste plak fan "sekere hearlike sate en lannen". De grutte "plaisante huizinge" komt op it twadde plak.

De ferskillen komme fansels ek ta utering yn de priis, yn 1725 fl 5249, yn 1752 fl 3963 (fan 28 stoeren it stik; yn gûnen fan 20 st. soe it resp. fl 7349 en fl 5548 west hawwe). Ut dizze sifers falt op te meitsjen dat it lân yn dizze kontreien doe 30 gûne it pûnsmiet koste en dat de wearde fan it hûs mei wat derby heart op sa'n 4500 gûne berekkene wurdt.

1752
Van Boelens wie net botte aktyf yn it maatskiplik libben. Foar safier bekend rinteniere er syn hiele libben. Op de lange doer krigen de maatskiplike seden lykwols fet op dizze doarpsgenoat. Op 5 april 1771 ferskynde it gerjocht fan Tytsjerksteradiel yn syn gehiel op Bennema State om Boelardus Augustinus fan Boelens en Anna Mellinga (de sneinske namme fan Antje Melles) yn it houlik te befêstigjen. Mooglik ha se dy stap set om de erfrjochten fan harren bern feilich te stellen. De bern, ûnderwylst fiif, waarden by it houlik erkend en binne trije jier letter yn de herfoarme tsjerke doopt. Van Boelens is op 9 novimber 1777 ferstoarn syn frou al in jier earder.

1779
Bennema State waard no ferhierd. Nei't it hûs in jier leech stien hie, waard it as twadde wenning brûkt troch Johannes Wilhelmus fan Hanswijk út Ljouwert (1779-1781), mar doe kaam der mei jonker Julius van Burmania wer in fêste bewenner (1781-1784). Dêrnei stiet it wer fjouwer jier leech.

1788
De State waard no oant en mei 1792 bewenne troch Menno Frâns Sluiterman dy't yn dat jier ferstoar. Underwylst wie Bennema State troch boelschieding taskikt oan ien fan de dochters. Hillegonda (1764-1824) is yn 1784 troud mei Edeus Wielinga Huber. Dizze Huber wie advokaat; de famylje hie Bennema State wol yn gebrûk, mar wenne meastal yn Ljouwert. Dat feroare noch net fuortdaliks nei it ferstjerren fan Huber yn 1794; hy wie noch gjin fjirtich jier âld. De widdo en de beide bern kamen hjir yn 1798 te wenjen. De dochter, Catharina Wielinga Huber, wie yn 1785 berne te Ljouwert en hat troud west. Hja ferstoar hjir op 3 desimber 1841.

1841
Hja liet Bennema State nei oan har iennichste broer mr. Ulrich Herman Wielinga Huber (1792-1871), riedshear fan it Gerjochtshôf yn Ljouwert en tydlik foarsitter fan de "Fryske Maatskippij fan Lânbou". Hy wie troud mei jonkfrouwe Anskjen Doys Vegilin van Clearbergen en sil net safolle op Bennema State west ha. Syn niget gong benammen út nei Koarnjum, dêr't er eigener en bewenner wie fan Martena State en fierder nei Dronryp dêr't er ek grûnbesitter wie. Huben ferstoar yn 1871. Hy hie gjin bern of omksizzers.

1871
Huber liet Bennema State nei oan in fierder famyljelid, Epeus Huber (1846-1914), doe rjochtestudint yn Leien. Ut de stikken waard dúdlik dat der doe't sa'n 33 bunder lân by wie, mar in taksaasje wie der net by. Wol is te lêzen dat de âlde Huber mear as in heal miljoen gûne neiliet. Yn syn testamint warskôget er foar it ferhieren fan Bennema State (dat soe se State ta in ruïne meitsje) en sprekt de hope út, dat neef Epeus sels op Bennema State wenje sil. Dat hat de neef yn it begjin ek dien, mar yn 1876 is it út mei de leafde. Wat him dêr ta set is net bekend; yn alle gefallen liet er Bennema State yn it iepenbier ferkeapje. De beskriuwing fan alle keamers ensfh. is sa wiidweidich dat hjir mar in lyts stikje fan beskreaun wurdt: "in romme plafonnearre festibule mei moarmeren flier, dy't rint nei de plafonnearre seal eastlik mei moarmeren mantel en nei de westlike plafonnearre ensfh." Boppe binne ek in soad fertrekken, de wynkelder is der noch en fansels de tún mei de fivers, tunen en singels. It gehiel wurdt yn tolve stikken ferkocht, mar bliuwt foarearst yn ien hân.

1876
De heechste bieder waard in Dokkumer rintenier, Albert Jan Gleistra, foar fl 42.982. Gleistra wurdt ek de nije bewenner. Hy ferstjert op 3 novimber 1878, sûnder testamint en bern nei te litten. Neiste famylje hie er ek net, dat it wie in hiel wurk foar de pleatslike notaris, Ulbo Oosterbaan. Seis grutte folio siden hie er nedich om alle erfgenamten op te skriuwen. Bennema State kaam wer yn de ferkeap, no yn 18 perselen, en dizze kear fleach it besit hielendal útinoar.

1879
By de provisjonele feiling wurdt mei-inoar fl 47.014 bean. By de finale op 3 maart 1879 fl 49.633. Under de keapers wiene ferskate strykjildskriuwers dy't der mei sitten bleaune. As dit mei de State sels ek it gefal wie, stiet net fêst, mar is wol tige ûnwierskynlik. Bennema State wurdt troch de Ljouwerter oannimmer T.C. Bokhuis beskreaun op fl 7119 en letter foar fl 8000 kocht troch Eeltsje Mulder, keapman te Huzum en Hindrik Fokkes van der Heide, ek al in oannimmer út Ljouwert. Doe't se Bennema State yn itselde jier al wer feile lieten slagge it net goed. Van der Heide, dy't ûnderwylst op Bennema State wenne, wurdt no foar fl 9017 allinnich eigener. Mar in jier letter koe er der dochs goed útspringe.

1880
In militêre dokter dy't hjir mei ferlof wie, hie der wol nocht oan om yn Bennema State in húsdokterspraktyk te begjinnen. Syn namme wie Frederik de Boer, berne yn 1840 yn Ychten. Hy hie yn de koloanjes karriêre makke ("offisier fan sûnens 1e klasse by it East-Yndysk leger") en hie der fl 10.000 foar oer om eigener fan Bennema State te wurden. Yn dy tiid wie Bennema State noch goed twa bunder grut. Alle akten sprekke fan de moarmeren flierren en skoarstienmantels; ek de hameie skynt tige bysûnder te wêzen. Der is noch in lytse buorkerij by, noardlik fan it hearehûs mei stalling foar 18 kij en yn de lytse stâl plak foar fjouwer hynders. De Boer hat hjir 15 jier dokter west. Hy waard yn syn berop en ek as eigener en bewenner fan Bennema State opfolge troch Hindrik Anema. Hy koe it hûs mei wat derby hearde foar fl 8000 oernimme; dat betsjut dat De Boer earder in te hege priis betelle hat.

1898
Annema wurdt opfolge troch Piter Gerrits Bontekoe, berne yn Húns op 29 juny 1872 en opgroeid yn Hurdegaryp. Hy wie hjir húsdokter oant 1 desimber 1936. De famylje Bontekoe wenne ek nei 1936 op Bennema State. De dokter is 2 july 1953 yn Ljouwert ferstoarn. Syn widdo - Janke Koning - ferhuze nei't hja en har beide bern Bennema State ferkocht hiene, nei Easterwâlde.

1953
Op 1 septimber fan datselde jier wurdt it hûs foar fl 28.000 ferkocht oan de Diakony fan 'e grifformearde tsjerke fan Oentsjerk. It lei foar de hân dat der doe al plannen leine om hjir in hûs foar "âlden fan dagen" te stichtsjen. Om dat doel te berikken waard de stichting "Ta Gods Eare" yn it libben roppen. Dielnimmers wiene fiif grifformearde tsjerken, nammentlik dy fan Burgum, Garyp, Noardburgum, Oentsjerk en Wânswert oan 'e Streek. Al gau sleaten ek noch fjouwer oaren har oan, nl. Berltsum, Huzum, Suwâld en Wurdum. Yn Hurdegaryp sels wie doe noch gjin grifformearde tsjerke. Dy kaam der yn 1959. De stichting moat al bestien hawwe yn it begjin fan 1954, want doe naam dy Bennema State oer fan de diakony fan Oentsjerk foar deselde fl 28.000. Mar de offisjele oprjochtingsdatum is 10 febrewaris 1955. It bestjoer waard foarme troch ôffurdigen fan de dielnimmende tsjerken. De nije stichting begûn fol oerjefte en de plannen wiene dan ek in jier letter al klear. Neffens in oantekening fan de Hurdegariper Marten Koops Scholten, waard op 1 july 1956 begûn mei it brekken en bouwen. Mei de âlde State en syn beplanting, Bennema State stie bekend om syn ike- en bûkebeammen, wurdt hoeden omsprong. Yn dy tiid hold Monumintesoarch ek noch in eachje yn it seil. It bouplan fan de arsjitekt J.J. Stiensma út Ljouwert wie derop rjochte om fan 'e State en de oanbou safolle mooglik in harmoanysk gehiel te meitsjen. Oan de efterkant wurdt it koetshûs ôfbrutsen om in ferbining te krijen; de giele bepleistering waard wer opmakke. Ynwindich kamen der oanpassingen neffens de easken fan dy tiid. De oannimsom wie hast in miljoen gûne (wat mear as 450.000 euro). De útfiering fan de ferbouwing gie hast like hurd as de tarieding.

De iepening waard dien troch boargemaster Oppedijk van Veen. Fansels wiene dêr ek de nedige pommeranten op bestjoerlik en tsjerklik gebiet by oanwêzich. Dêrnei spile it korps fan Noardburgum fleurige muzyk foar de bewenners, wylst yn de ytseal guon sprekkers, sa't de krante, dat neamt dy't: "De sluizen der welsprekendheid wijd openzetten". Allegearre binne se fol lof oer it inisjatyf en de útfiering. Yn it tehûs wie plak foar 70 senioaren, meast inkelingen, mar ek likernôch tsien pearen. Der hiene wol twa kear safolle pleatst wurde kinnen, safolle belangstelling wie der. Neffens goed grifformeard gebrûk setten de nije bewenners daliks in manne- en frouljusferiening op.

De takomst fan Bennema State wie nei boppeneamde yngrepen noch hielendal net wis. In jier of tsien letter wie it bestjoer fan betinken dat de âlde State ferdwine moast, om't it ûnderhâld te djoer waard en der ferlet wie fan in hegere kapasiteit. Yn 1970 kaam de State, doe mear as 300 jier âld, earleas oan syn ein troch de slopershammer. Op it âlde stee kaam in nije fleugel, en it tal ynwenners koe op 89 komme. De earder neamde feroaringen wiene net de lêste. Troch de nije maatskiplike en wetlike easken fan de tachtiger jierren kaam it bestjoer foar de kar te stean: slute of oanpasse. It waard it lêste. Foar in lytse fiif miljoen gûne is der yn 1983 en 1984 ferboud. Bennema State foldie wer oan de easken fan dy tiid. It jout oan 60 persoanen in thús. Op bestjoerlik en organisatoarysk mêd is der de lêste jierren ek frijwat feroare. De bewenners en de frijwilligers spylje dêryn in grutte rol. Mar ek dy ferbouwing waard op in stuit troch de tiid ynhelle.

1989
Yn dat jier wie der in bestjoerlike werstrukturearring. De Christelijke Stichting voor Ouderenzorg Tietjerksteradeel (CSOT) wurdt oprjochte, mei as dielnimmers 11 tsjerken/gemeenten. Dizze stichting hat in algemien kristlike sinjatuer. Under de CSOT dy't as tafersjochhâldend orgaan fungearret, in saneamde holding, resultearje de Stichting Bennema State (it fersoargingsintrum) de Stichting Aanleunwoningen en de Stichting Vrienden van Bennema State, elk mei in eigen bestjoer.

1996
Yn 1996 begûn, ûnder direkteur Jasper Elzinga, de grutte rekonstruksje Bennema State faze 1. "It Apelhof" waard mei de grûn lyk makke en op itselde plak ferriisde de flat mei de oanleunwenningen 165A oant en mei 165W, "It Apelhof". De eigener is op dat stuit wenningbouferiening Accolade út Drachten. Yn 1998 gyng mei faze 2 de westlike fleugel tsjin de flakte, wêrnei't op 8 april 1999 in part fan "De Poarte" en de oanleunwenningen 163A oant en mei 163S oplevere waarden. Net lang dêrnei kaam yn de faze 3 ek it middenstik ûnder de slopershammer wêrnei't yn desimber 2000 it middenstik en noch 9 hotelapparteminten realisearre waarden.

2006-2008
Wy skriuwe no maaie 2006 en op priemmen stiet njonken in yngeande ferbouwing fan it deisintrum en renovaasje fan it lêste âlde diel dêr't û.o. de keuken, linnenkeamer, personielsromte en it kantoar fan de technyske tsjinst TD sit, ek noch in megaútwreiding mei û.o. 60 wenienheden rjochting it easten op it terrein fan it bistepark. Arsjitekt Grunstra út Boalsert hat de grutte rekonstruksjes yn 1996 en 1998 en ek it nije stik ûntwurpen. Yn 2008 is dizze nijbou oplevere. Bennema State hat fan 1997 oant 2002 fusearre west mei Meckama State út Kollum. Sûnt 2002 giet Bennema State wer as 'selsstannige' lokaasje' op yn Noorderbreedte "persoonlijke zorg en wooncomfort" de âldereindivyzje fan Zorggroep Noorderbreedte.

2017
Renovaasje histoaryske tún Bennema State
Foar't de Sintrale As en de Noarder Omwei yn 2016 iepene waarden, wie it tige drok yn 'e buorren fan Hurdegaryp. Troch de iepening fan dy nije diken sakke it tal ferkearsbewegingen lykwols grandioas. Fan 20.000 nei om ende by 2000 yn in tiidrek fan 24 oeren. It is dêr dus no tige rêstich. Foar Bennema State betsjutte dit dat men kânsen seach om it kompleks fan bûten in nije útstrieling te jaan. Trochdat de tún yn de ôfrûne jierren fertutearze wie, waard besletten om de tún te renovearjen en dêr it âlde ûntwerp fan Gerrit Vlaskamp*) yn werom komme te litten.

Yn gearwurking mei studinten fan it Nordwin College, Niemand aan de Zijlijn, Vrienden van Bennema State, en de ynbring fan lânskipsarsjitekte Els van der Weijde en Aly van der Mark is der in kreatyf ûntwerp ûntstien en ta útfiering brocht. It ferline fan dizze tún bliuwt yn in nij jaske fuortbestean.

2021
It kompleks wurdt útwreide mei 8 apparteminten en 8 buertkeamers.

Bewenners/eigeners 1661 - 1953

1661 - 1668 Jelmer(us) Bennema
1668 - 1713 Gerardus Fortuyn
1713 Jelmer Gellius Fortuyn
1713 - ca 1718 Jurjen Isaäcks Groenewolt
ca 1718 – 1725 Isaäck Groenewolt
1725 - 1752 kolonel Willem Livius van Vierssen
1752 - 1777 Boelardus Augustinus van Boelens
1777 - 1792 bern fan Boelardus Augustinus van Boelens, ferhiere de State
1792 - 1824 Hillegonda van Boelens
1824 - 1841 Catharina Wielinga Huber
1841 - 1871 Dr. Ulrich Herman Wielinga Huber
1871 - 1876 Epeus Huber
1876 - 1878 Albert Jans Gleistra
1878 - 1880 Eeltje Mulder en Hendrik Fokkes van der Heide
1880 - 1905 Frederik de Boer
1905 - 1908 Hendrik Anema
1908 - 1953 Pieter Gerlofs Bontekoe
1953 - Diakony fan 'e grifformearde tsjerke fan Oentsjerk wurdt eigener
1970 Bennema State wurdt ôfbrutsen foar nijbou ta fersoargingshûs
1989 De Christelijke Stichting voor Ouderenzorg Tietjerksteradeel (CSOT) wurdt eigener
2002 Underdiel fan Zorggroep Noorderbreedte

 


Foto: Wikipedia

*) Gerrit Lambertus Vlaskamp berne te Dokkum op 1 jannewaris 1834 as soan fan kweker fan beammen en oanlizzer fan tunen Lambertus Vlaskamp (1807-1854) en Antje Eilderts Klaver (1807-1869).

De Vlaskampen wiene al generaasjes lang hovenier, se komme fan oarsprong út Varsseveld by Doetinchem. Twa bruorren, Lambart, berne yn 1746 en Arent, berne yn 1751, sochten harren lok yn it Westland. Dêr stiene mear as 100 bûtens fan begoedige lju, dy't tunen nei de nijste moade hawwe woene.

Doe't Lambart, de oerpake fan Gerrit, 26 jier âld wie, ferfear er fan Rijswijk nei Waaksens yn Noardeast-Fryslân. Dêr stie de state Tjessens, dêr't de famylje Van Harinxma thoe Slooten wenne.

Yn Rijswijk wennen ek Van Harinxma thoe Slootens. Der wurdt oannommen dat Lambart troch famyljebannen yn Waaksens telâne kaam. Broer Arent is yn Delft belâne en hy is ek 26, as er syn broer yn 1777 efternei reizget nei Waaksens. It wie nei alle gedachten de bedoeling dat Arent syn broer opfolgje soe, want se hawwe tegearre ien jier op state Tjessens wurke.
(Op 31 oktober 2019 binne der twa hameiepealllen set dy't de eardere opreed fan de state Tjessens oanjouwe. It hiele terrein fan de terp en eardere state is in archeologysk ryksmonumint.)

Yn 1778 ferhuzet Lambart nei it tichteby lizzende Harsta State yn Hegebeintum, in âlde state, dy't al yn 1511 neamd wurdt. Arent is ambisjeus, hy hat mar twa jier op state Tjessens wurke. Yn novimber 1779 giet er as túnbaas nei Kingma State yn Sweins by Frjentsjer. Hast trije jier letter, op 5 juny 1782, wurdt er beneamd ta hortulanus fan de Universiteit fan Frjentsjer. De hortulanus is de behearder fan de wittenskiplike plantetún. Hy sil dêr bliuwe oant yn 1811. Doe waard de universiteit op befel fan Napoleon opheft. Lambart bliuwt yn it noarden fan Fryslân, yn 1782 begjint er in hoveniersbedriuw yn Holwert.

Syn pakesizzer Lambertus (1807-1854) stichtet in beamkwekerij yn Rinsumageast.

Groninger courant 29-09-1848 & 06-10-1848 & 13-10-1848

Dêneist leit er tunen oan. As de rûnom bekende túnûntwerper Lucas Pieters Roodbaard (Rolde 20-01-1782 - Ljouwert 23-05-1851) âlder wurdt, nimt Lambertus syn wurk oer. Sa is it grutste part fan Fogelsangh State yn Feankleaster fan 'e hân fan Lambertus. Roodbaard wurke yn Fryslân, Grinslân en Drinte. Hy makke mear as 50 ûntwerpen foar bygelyks parken en tunen by bûtens. Bekende wurken fan syn hân yn de neiste omkriten fan Hurdegaryp binne: de Prinsetún te Ljouwert, de tún fan it Poptaslot yn Marsum, Vijversburg yn Swarteweisein/Tytsjerk, Stania State yn Oentsjerk, de Klinze yn Aldtsjerk en Fogelsangh State yn Feankleaster. Roodbaard is begroeven op de troch him sels ûntwurpen Stadsbegraafplaats fan Ljouwert.

Nei it ferstjerren fan Roodbaard yn 1851, set Lambertus Vlaskamp in advertinsje om him "oan te rekommandearjen ta it oanlizzen fan bûtens en tunen, en ek ta it meitsjen fan plannen of teekeningen. Kin bewizen fan saakkundichheid leverje en seit in goede betsjinning ta." It giet lykwols by de berch del mei Lambertus. Yn 1854 gong it op 'e kop ferkeard, hy kaam as swalker yn Feanhuzen telâne en is dêr al nei trije moannen op 46-jierrige leeftiid ferstoarn troch de goalera epidemy. Yn dat jier 444 stoaren minsken yn Feanhuzen.

Syn frou Antje wie flak foar de opname fan Lambertus yn Feanhuzen, ferhuze nei Hurdegaryp. Se bleau oer mei acht bern.

De âldste soan Gerrit, wie 20 doe't syn heit kaam te ferstjerren. Hy stie foar de taak om de kost te fertsjinjen foar syn mem en syn sân bruorren en susters. Hy wurke al gear mei syn heit, hy naam de tried op en sette fuortdaliks in advertinsje. It gie winliken daliks goed, want dêrnei hat er net wer in advertinsje sette litten.

Advertinsje Groninger Courant, (1 augustus 1854), boarne: Koninklijke Bibliotheek

Fan it tiidrek 1854-1861 is amper wat oer Gerrit bekend. Ut de 'Grootboeken' fan beamkwekerij Bosgra út Burgum, dy't fan 1861 ôf bewarre binne, docht bliken dat er mear as 350 tunen en parken yn it noarden fan Nederlân oanlein hat.

De earste tunen, dy't Gerrit Vlaskamp makke, binne fan ûngefear 160 jier lyn.

IYn de 19de iuw kaam ek yn Fryslân de lânskipsstyl yn 'e moade. Al yn 1804 hat hortulanus Arent Vlaskamp in Ingelske tún oanlein by Schatzenburg yn Dronryp. De bruorren Arent en Lambart wiene yn 'e kunde kommen mei de nije túnstyl doe't se op 'e grutte bûtens yn it Westland wurken dêr't de Ingelske lânskipsstyl yntrodusearre waard.

Gardeneske tuinstijl
Gerrit Vlaskamp wie de smaakbepalende hovenier en túnûntwerper fan de twadde helte fan de njoggentjinde iuw. Syn kliïntêle wie breder as dy fan Roodbaard. De grutte fraach nei suvelprodukten en yn it bysûnder nei Fryske bûter, liet de Fryske ekonomy opbloeie. Foar de boeren brutsen gouden tiden oan en dat lieten se graach sjen. De tsjerken wiene troch de hege hieren ek ryk. Rintenierjende boeren, tsjerkfâden, begoedige boargers yn doarp en stêd lieten grutte neoklassisistyske huzen bouwe. Dêr moast fansels in moaie tún by oanlein wurde. De tunen wiene fansels net sa grut as dy by de aadlike bûtens mar se waarden dochs ôflaat fan de ûntwerpen fan de Ingelske lânskipsstyl, de saneamde gardeneske styl. It wiene romantyske tunen mei slingerjende paden en ferspraat yn it gers blomperken, fivers, in heuveltsje mei in prieel of beam, fierder bysûndere beammen en moaie iepeningen.

Fryslân hat noch in pear doarpen dêr't in tal Vlaskamptunen 'klustere' yn foarkomt. Mantgum is dêr faaks wol it moaiste foarbyld fan. Yn 1871 krige de herfoarme pastorij in Vlaskamptún. It jier dêrop bestelden trije fan de seis tsjerkfâden út it doarp ek in 'Vlaskamp'. Uteinlik hat er yn it doarp mar leafst 12 tunen oanlein. Dizze 'klustering' fan tunen mei deselde foarmen, waard dêrmei byldbepalend foar it hiele doarp. Parkeftige tunen mei solitêre beammen, groepkes strûken en blomperken yn it gers, al of net mei fruchtbeammen. Dat de measte tunen it net oant hjoed-de-dei úthâlden hawwe sil dúdlik wêze, mar dochs is der yn it doarp noch altyd de sfear fan 'âld grien'.

Yn it Wilhelminapark yn Snits steane noch in soad aparte beammen út de tiid fan Vlaskamp. Yn 1897 waard Vlaskamp troch de fâden fan it Old Burger Weeshuis frege in ûntwerp te meitsjen foar in nij oan te lizzen Volkspark. It tal wezen sakke oan de ein fan de iuw en de fâden besleaten jild beskikber te stellen oan doelen dy’t in bydrage leverje soene oan it wolwêzen fan de hiele Snitser mienskip. Nei it plantsjen fan in linebeam yn 1898 ta gelegenheid fan de ynhuldiging fan keninginne Wilhelmina, waard de namme Wilhelminapark. Krekt in iuw letter, yn 1998, krige it park de status fan ryksmonumint. Nei it Vondelpark yn Amsterdam, it 2de publike park yn Nederlân wat dizze status krige.

Vlaskamp liet syn parken en tunen oanlizze troch hoveniers, mar begelate it proses aktyf. Hy wenne sels faak tydlik op lokaasje.

Aly van der Mark begjint mei har ûndersyk
Yn 2009 begjint âld-doarpsgenoate Aly van der Mark in ûndersyk nei it libben fan Gerrit Lambertus Vlaskamp. Har man, Ids Westra, is in soan fan Wijbe Gabes Westra. Hy hie in kwekerij oan de Stasjonswei 30. Dy kwekerij is yn 1896 stichte troch Gabe Wijbes Westra, de pake fan Ids. Gabe's mem wie Jitske Vlaskamp, de jongste suster fan Gerrit. Hy wie dus in âldomke fan Ids. Aly en Ids wennen oant foar in pear jier yn it âlderlik hûs fan Ids.

Doe't Aly begûn mei har ûndersyk wie der amper wat oer Gerrit Vlaskamp bekend. Wol wie yn de famylje bekend dat er de Wilhelminaparken yn Grou en Snits en it Westerpark (Vosseparkje) yn Ljouwert ûntwurpen hat. Oant Aly in tal jierren ferlyn tipt waard troch Philippus Breuker.

In bysûndere fynst
Breuker is âld-heechlearaar Fryske taal en letterkunde, mar boppe-al kenner fan de Fryske skiednis. Hy fertelde Aly oer de administraasje fan Boomkwekerij Bosgra ("Boomkweekerij Iephof"). Yn 'e dagen fan Vlaskamp fêstige yn Burgum. De kwekerij wie op it terrein tusken it adres Skoalstrjitte 99 en "Singelland Burgum". Hjir stiet no it appartemintekompleks "Iephof". Fanwegen it útdrûgjen fan 'e grûn waard de kwekerij yn de jierren tachtich fan de foarige iuw ferpleatst nei Twizel/ Bûtenpost.

Yn de boeken fan Bosgra fûn Aly bestellingen fan Vlaskamp. Meast foar tunen fan minsken fan kwizekwânsje. Al gau waard dúdlik dat de âldomke fan Ids folle mear ûntwurpen en oanlizze litten hie as tocht.

Foar safier't oant no ta bekend binne der mar 11 tekeningen fan Vlaskamps hân bewarre bleaun. Ien dêrfan leit yn it gemeente-argyf fan de gemeente Tytsjerksteradiel yn Burgum. It giet om it ûntwerp fan de tún fan it eardere gemeentehûs fan Tytsjerksteradiel.

Op it plak dêr't oant 2017 de ABN AMRO Bank oan de Noordersingel 5 stie, is no in plein. It Jonkheer Hobbe Baerdt van Sminiaplein. Hjir stie ienris de Sminia State. Hobbe Baerdt van Sminia liet noch foar't er grytman fan Tytsjerksteradiel waard, dizze state yn 1770 bouwe. Hy wie grytman yn in drege tiid. Oant de komst fan de Frânske besetters yn 1795 bleau er grytman, mar dêrnei waard er ôfset. Letter waard er opfolge troch syn soan Willem Livius en dêrnei troch syn pakesizzer jonker Hobbe Baerdt van Sminia. Dy wie grytman fan 1823 oant 1851 en dêrnei oant syn dea yn 1858, de earste boargemaster fan Tytsjerksteradiel.

It lettere Van Sminiahuis die fan 1892 ôf tsjinst as gemeentehûs. Yn 1935 waard it ôfbrutsen om plak te meitsjen foar it trochlûken fan de Noordersingel.

De tún fan it Van Sminiahuis wie in ûntwerp fan Gerrit Vlaskamp. It iennichste wat dêr no noch oan tinken docht is de mânske reade bûkebeam, dy't noch altyd oan de Noordersingel stiet.

Tekening: gemeente-argyf Tytsjerksteradiel

Oan it plein sil yn 2021 úteinset wurde mei de bou fan twa appartemintekompleksen mei ûnderoan hoareka- of detailhannel. It tredde kompleks komt oan de Tsjibbe Geartsstrjitte. Der komme mei-inoar 30 oant 35 apparteminten ferdield oer de trije gebouwen mei de namme De Drie van Sminia: De Edelman, De Koopman en De Werkman.

De firma Bosgra
De firma Bosgra hat de administraasje fan 1860 ôf bewarre. Ut de fraai ynbûne boeken op folioformaat docht bliken dat Gerrit Vlaskamp goed 350 tunen en parken yn it noarden fan ús lân ûntwurpen hat. Sa'n 320 tunen yn Fryslân, 32 yn Grinslân en 2 yn Drinte.

Yn de boeken stiet altyd de opdrachtjouwer en dejinge dy't de tún oanlein hat, folge troch de plantlist. Hy hat foar de elite fan Fryslân en Grinslân tunen ûntwurpen. Foar de adel, notabelen en grutte boeren. In soad is ferdwûn, mar der is ek in soad bewarre bleaun. En alles wat der noch stiet, is monumint. Dat fariearret fan folsleine doarpsgesichten, lykas yn Mantgum en Warffum, oant monumintale beammen. Faak in reade bûkebeam, in plataan, bysûndere kastanjes , treurwylgen en treuresken.
De administraasje fan de firma Bosgra is tige wiidweidich, alle beammen dy't ferkocht binne, steane opskreaun. Fan alle tunen binne de plantlisten bewarre bleaun.

De boeken fan de firma Bosgra, binne skonken oan Tresoar yn Ljouwert. 'It bewarplak fan de skiednis fan Fryslân'. De boeken kinne dêr bestudearre wurde.

Syn tunen
Yn de hjerst fan 2011 wurdt it Kenniscentrum Landschap fan de Ryksuniversiteit Grins troch Landschapsbeheer Friesland frege om de Fryske en Grinslanner tunen fan Vlaskamp te ynventarisearjen op basis fan de weromfûne bestellisten yn 'e kasboeken fan de beamkwekerij De Iephof fan Bosgra en it tariedende ûndersyk fan Aly. Net allinnich wurdt harren frege om in ynventarisaasje te dwaan, mar ek oft der op basis fan dy ynventarisaasje wat te sizzen falt oer de spesifike skaaimerken fan in Vlaskamptûn.
Septimber 2013 bringt Anne Wolf fan de RUG mei bydragen fan Stieneke van der Wal en Ietse-Jan Stokroos ferslach út:
Vlaskamptuinen in Friesland en Groningen.
Inventarisatierapport van parken en tuinen van Gerrit Vlaskamp

It Kenniscentrum Landschap fan de Ryksuniversiteit Grins stelt dat noch 34% fan de Vlaskamptunen as sadanich werkenber is.

Vlaskamp hold tige fan kleurtsjinstellingen en nije, eksoatyske planten. Hy hat yn 79 doarpen en stêden yn Fryslân en yn 16 doarpen en stêden yn Grinslân syn spoaren neilitten. Yn Hurdegaryp steane oan de Ryksstrjitwei noch ferskate monumintale (bûke)beammen dy't allegearre tusken 1860 en 1880 op advys fan Vlaskamp plante binne.

Gerrit Vlaskamp bleau frijfeint. Hy wenne oan de Ryksstrjitwei wat no nûmere is as 145. Vlaskamp ferstoar op 12 juny 1906 op 72-jierrige leeftiid yn Hurdegaryp.

Wenhûs Gerrit Vlaskamp, Ryksstrjitwei 145 - foto: kolleksje Ids Westra

Renovaasje histoaryske tún Bennema State
Foar't de Sintrale As en de Noarder Omwei yn 2016 iepene waarden, wie it tige drok yn 'e buorren fan Hurdegaryp. Troch de iepening fan dy nije diken sakke it tal ferkearsbewegingen lykwols grandioas. Fan 20.000 nei om ende by 2000 yn in tiidrek fan 24 oeren. It is dêr dus no tige rêstich. Foar wen-soarchkompleks Bennema State, ûnderdiel fan Noorderbreedte, betsjutte dat de wei stil wurde soe en dêr seach men kânsen om it kompleks fan bûten in nije útstrieling te jaan. Om't de tún yn de ôfrûne jierren fertutearze wie, waard besletten om de tún te renovearjen en dêrby de âlde histoarje fan Gerrit Vlaskamp yn werom te bringen.

Yn gearwurking mei studinten fan it Nordwin College, Niemand aan de Zijlijn, Vrienden van Bennema State, en de ynbring fan lânskipsarsjitekte Els van der Weijde en Aly van der Mark is der in kreatyf ûntwerp ûntstien en ta útfiering brocht. It ferline fan dizze tún bliuwt yn in nij jaske fuortbestean.

Kânsen yn Kearnen (KIK)
Yn it ramt fan Kânsen yn Kearnen, in mienskiplik programma fan de provinsje Fryslân en de gemeenten Dantumadiel en Tytsjerksteradiel foar de werynrjochting fan de seis doarpen nei oanlis fan de Sintrale As, kriget it Stationskwartier Hurdegaryp in griene en eigentiidske útstrieling ynspirearre op de ideeën fan Gerrit Vlaskamp.

Vlaskamptunnel Hurdegaryp iepen
De spoarûndertrochgong yn de Ryksstrjitwei yn Hurdegaryp is op tiisdei 5 novimber 2019 offisjeel iepene. Yn it ramt fan dy plechtichheid binne de lêste 2 tegeltsjes mei respektyflik de tekst: IEPENING en 5-11-19 op 'e wand fan 'e tunnel set. De tunnel wie in winsk fan it doarp om't der in soad foar it spoar wachte wurde moast. ProRail woe ek wol fan de drokke spoaroergong ôf. Njonken de ûndertrochgong is in fyts- anneks kuierbrêge oanlein, wêrtroch't de skoaljeugd fan it nije Tjalling Koopmans College (SvPO) en oare reizgers fan it stasjon ôf de ferkearsdyk net hoege oer te stekken. Fan 14 desimber 2020 ôf rydt der in ekstra sneltrein tusken Ljouwert en Grins. Dat betsjut dat der 4 stoptreinen en 4 sneltreinen yn 'e oere boppe de Ryksstrjitwei del ride.

Ideeën Vlaskamp yn de tunnel
Deputearre Avine Fokkens sette ien fan de lêste tegeltsjes. Ik bin tige grutsk. It is in hiele moaie tunnel en ik bin ek bliid dat er neamd is nei in ferneamd túnarsjitekt; Gerrit Vlaskamp. Syn ideeën, in soad grien en in soad slingers, sjochst ek hiel goed werom yn it tegelwurk yn 'e tunnel, sei hja by de iepening.

De keramyske tegels binne bakt troch de Keninklike Tichelaar B.V. yn Makkum. De tunnel is alhiel yn Vlaskamps styl makke. Dêr is syn Ingelske lânskipsstyl dúdlik yn te werkennen. Syn orizjinele hantekening is op de beide sydkanten fan it spoarfiadukt set.

Floeiende, rûne linen
Gerrit Vlaskamp waard bekend om de floeiende, rûne linen yn syn park- en túnûntwerpen. Next Architects út Amsterdam hat dy styl goed weromkomme litten yn it tunnelûntwerp. It stelt in grien mingd lânskip foar, ôfwiksele mei krêmkleurige kuierpaden en blauwe fivers.

Pittige útdaging
De Gerrit Vlaskamptunnel betsjutte technysk in pittige útdaging foar Maciej en syn mannen leit Maciej Truszkowski út. Mei syn Poalske lânsman en kompanjon Dawid Maksymow is er eigener fan DMT Group. "Sjoch mar ris om dy hinne: allinne mar skeane en rûne tunnelwanden, dy't ek noch ris efteroerhingje. Dêrtroch moasten wy de stegers op fiif meter hichte ek oanpasse om boppe-oan de tegels sette en foegje te kinnen. De iennichste rjochte line yn it wurk is de boppekant fan de tunnelwanden. Wy hawwe op dit projekt de tegels dan ek set fan boppen nei ûnderen yn stee fan oarsom, wat gebrûklik is. En ûnder hiene we in soad snijwurk troch de ôfrinnende tunnelwanden."

De ûndertrochgong is 150 meter lang. Yn trije moanne tiid ferlime DMT Group hjir 570 m² spesjaal foar dit projekt bakte en mei de hân foarme Tichelaar-tegels yn. De goed 40.000 glazuere tegels fan 21,5 x 6,5 sm kreas yn kisten útstald op it wurk, fergen gâns fan it fakmanskip fan de tegelsetters. Om it ûntwerp goed yn te foljen, kwa maatfiering en op mingde kleurnuânses, wie ien man by de kisten oan ien tried wei dwaande mei it selektearjen fan 'e tegels ta sets fan 300. Dy brocht er dêrnei nei de fiif tegelsetters yn de tunnel, dy't dêrtroch sels gjin wurk mear hiene fan it útsykjen.

De ûndertrochgong en it spoarfiadukt waarden boud troch Heijmans Civiel Projekten, yn opdracht fan ProRail en de provinsje Fryslân en hat 15,5 miljoen euro koste.


In lytse greep út de neislachwurken en documintêres oer Gerrit Vlaskamp

Gerrit Vlaskamp, een vergeten tuinarchitect
2010 - Auteur Aly van der Mark. Uitgave: Stad en Lande Groningen, nr. 1, 2010.

Doe't wy yn 1976 op de kwekerij fan de famylje fan myn man yn Hurdegaryp kamen te wenjen, hie ik net tinke kinnen dat ik 33 jier letter folslein yn 'e besnijing komme soe fan de skiednis fan dizze túnkersfamylje, dy't yn it noarden fan Nederlân in protte spoaren neilitten hat, net allinne yn Fryslân, mar ek yn Grinslân. De kwekerij is yn 1896 stichte troch Gabe Westra, de pake fan myn man Ids Westra. Gabe's mem wie Jitske Vlaskamp. Jitske's âldste broer wie Gerrit Vlaskamp, hy wie túnarsjitekt."

Het prieel op de heuvel
14 juny 2013 - Aly van der Mark presintearret har boek "Het prieel op de heuvel", oer seis generaasjes Vlaskamp.

De vergeten tuinen van Gerrit Vlaskamp
5 en 6 april 2014 - Het Fries Museum iepenet de útstalling: De vergeten tuinen van Gerrit Vlaskamp.
Yn de útstalling wiene twa projeksjes te sjen dêr't tunen en parken fan Vlaskamp sjen litten waarden. Dy waarden ôfwiksele mei ôfbyldingen fan beammen, strûken en planten, túnsieraden en portretten fan opdrachtjouwers.

It boek mei deselde namme is op 5 april by de offisjele iepening fan de útstalling presintearre.
Auteurs: Alice Booij, Jan Holwerda, Nico Kloppenborg, Kees Kuiken, Yme Kuiper, Frans Leenders, Aly van der Mark, Rita Mulder-Radetzky, Carla S. Oldenburger-Ebbers, Willemieke Ottens, Trudy van Riemsdijk-Zandee, Willem van Riemsdijk en Landschapsbeheer Friesland. Utjouwer: Ernst Bruinsma / Afûk - 2014.

Twadielige dokumintêre Omrop Fryslân oer Gerrit Vlaskamp
April 2014. Fryslân Dok stjoert de dokumintêres: "De Vergeten tuinen van Gerrit Vlaskamp", út.

Fia ûndersteande links binne dizze dokumintêres te besjen op YouTube:

© HJvB 06-2021

By de tiid brocht en bewurke troch: Harry J. van Borkulo Rieplachte boarnen: Henk Holsbrink en Pieter Nieuwland "Tusken Wâld en Wetter" en de webside fan Noorderbreedte. Maaie 2019

Hurdegaryp

Er zijn in Hurdegaryp veel instellingen en verenigingen die zich op de een of andere manier inzetten om het wonen in Hurdegaryp aantrekkelijk te maken. U kunt hierbij denken aan de sportverenigingen, de oud-papier-inzamelcommissie, het dorpshuis "it Maskelyn", enz. Tot de verenigingen die zich in willen zetten voor het dorp, behoort ook de Vereniging voor Dorpsbelangen. Al meer dan 100 jaar heeft de Vereniging maar één doelstelling, namelijk het bevorderen van de leefbaarheid in Hurdegaryp.