verzet oorlog 1940-45

Het waar gebeurde verhaal geschreven eind 1945 over het verzet in Hurdegaryp en Noardburgum.(in het fries)

De schrijver, destijds anoniem, blijkt de heer Teade Kingma uit Burgum te zijn. Ten tijde van het verzet woonde hij in Hurdegaryp. Zijn vader was politieman (1914-1948) in ons dorp. Wij plaatsen dit artikel met instemming van Teade Kingma waarvoor onze hartelijke dank.Het hele verhaal is nu te lezen op de website van Hurdegaryp.

 

 ter toelichting.

Ter gelegenheid van 60 jaar bevrijding wordt een verhaal (geschreven in 1945) over het verzet in Hurdegaryp en Noardburgum (1945)  in TWW opgenomen.
In nr 2005 – 4 is hiermee  begonnen. Het verhaal is overgenomen  uit het 'Frysk moanneblêd De Strikel' (geplaatst in 1970). De schrijver, destijds anoniem, blijkt de heer Teade Kingma uit Burgum te zijn. Ten tijde van het verzet woonde hij in Hurdegaryp. Zijn vader was politieman (1914-1948) in ons dorp. Wij plaatsen dit artikel met instemming van Teade Kingma

 

HET VERZET


 

 

 Leden fan ‘e Binnenlandse Strijdkrachten (NBS-groep), ôfdieling Hurdegaryp en Noardburgum. Groepsfoto fan 23-04-1945.

Fan lofts nei rjochts
- (H) binne Hurdegarypsters:
Efterste rige
(3): Ate Hoekstra(H), Klaas Geerts v.d.Veen, Ridzert v.d.Veen (H).
tredde rige   (6): Bouke van der Meulen, Bouwe Berghuys, Henk Westerhof, Theo de Clerq, Ids Walda en Hindrik Vonk.
twadde rige(10): Wiebe de Vries, Teade Kingma (H), Romke Klopstra, Wim van Oosten, Wibe Westra (H), Teade Kempenaar(H), Klaas van der Meulen (H), Johannes Douwes, Kees G. van der Veen (H) en Pieter R.de Vries (H).
foarste rige  (5): Bartele Kingma, Freek Vermeulen, Haaije Ferwerda (H), Popke van der Meulen (H) en Jaap Adminaal, groepscommandant (H)
op é treeplanke: G. van der Meulen (koerierster).
ynset (omkommen): Harmen de Vries, Tjalling Talma en Evert Sijbes

 

DE STÊF TOBRUTSEN

Oan Evert en Tsjalling en Harm !
Jo bin mei frede ta ús kommen,
mei freed’ en frijdom, wille en ear;
it jok is fan ús nekke nommen.
God lof, wy bin gjin slaven mear !
Nou leit yn’t stof de stêf tobrutsen
fan dy’t ús wrede driuwer wie,
en ‘t wapenreau yn flammen stutsen
fan him, dy’t ús nei ‘t libben stie.
                                              Ges. 10 : 4

Dit authentike forhael fan in jong Frysk forsetsman, dy't syn persoanlik wjerfarren yn de lêste oarlochsdagen fan 1945 biskriuwt, forskynt neffens de winsk fan de skriuwer anonym.

Redaksje De Strikel

FOARWURD

Dit is gjin roman, ek gjin novelle. Dit is allinne mar in stikje skiednis; skiednis fan in hiel koart tiidrek - mar in stikmannich dagen - fan in hiel lyts stikje fan 'e wrâld. Einliken mar in pear doarpkes yn Fryslân - en fan in hiel biheind keppeltsje minsken - in espeltsje meast jongelju, dy't tafallich (?) dit meiinoar bilibben. It is allegearre bard sa't ik it biskreaun haw en it hat djip yngrypt yn it libben fan harren dy't der by wiene.

Ik haw it fêstlein, net om har dy't it oerlibbe hawwe mar om har dy't it net oerlibje mochten. Ta in oantinken!

Faeks is it wol mei fóár har dy't it oerlibben; faeks ek foar oaren dy't dy tiden meimakken; miskien ek foar harren dy't nei us komme.

Itjinge dat west hat, itselde sil der wêze en itjinge dat dien is, itselde sil dien wurde en der is neat nijs under de sinne. Is der ien ding dêr't men fan sizze kinne soe: Sjochdêr, dat is nij? It wie der aI yn 'e ieuwen dy't foar ús west hawwe.

De skriuwer.

DE FOARSKIEDNIS  (I)

It is nacht op 'e Bakkefeanster heide, in tsjustere hjerstnacht yn 1944. Fan aIle kanten slûpe skimen op in greate delling ta. Hja jowe har op ûndederskate plakken del en wachtsje, skerp harkjend oft ek op kommende wei is dêr't hja op tidigje. ,,Mmmm... Mmmmm!" heart men nei gâns in hoart.

,,Hja fleane ek wer", sizze de minsken yn Bakkefean. ,,Berlyn, Hamboarch, Bremen, hwer soe de reis joun hinne wêze?'

Mar op 'e heide yn 'e greate delling geane ljochten op: in witen, in readen, dan wer in witen. En de fleanmachine komt tichter by.

In Bakkefeanster boer skrillet wekker en seit tsjin 't wiif: ,,Hja binne net heech fannacht" en hy stapt derôf om ris troch it dakfinster to sjen oft der ek ljochtkûgels hingje en oft der ek sketten wurde sil. Mar hy sjocht neat.

Op 'e heide is elts yn spanning. De fleanmachine komt dit út. Noch efkes en hy giet rjocht oer de trije ljochten hinne. Dan sirkelt er yn in wide bocht boppe de heide om. In âldseiner fan 'e Marine jowt nou mei in lampe morseseinen oan 'e fleanders. Wer komt de fleanmachine oer en dêr sjogge hja se ynienen, al fuort by: de parachutes mei de 'containers', greate blikken bussen. Wer op 'e nij leech oer de delling draeijend lit de fleanmachine in twadde foarrie delkomme. In skoftke letter heart men yn 'e fierte allinne noch in sêft geronk: ,,Mmmm... Mmmmm!"

De Bakkefeanster boer giet wer op bêd en seit: "Dy wie al leech, mar der wie neat to sjen. Dêr't dizze syn doel hat, silIe se fannacht wol net noflik sliepe" en hy jowt him wer lekker del. In wein rydt oer de heide. In pear man stappe dernjonken. Oaren komme der hoeden in eintsje efteroan. By in boerepleats draeit de wein de daem yn en it hiem op. Mei man en macht wurdt der oanpakt en ridlik gau is de wein leech. In ûre letter is alles op it hiem wer stil. Gjin minske is der to sjen, elts sliept en rêst fan it diene wurk en garret krêften foar de dei fan moarn. It is nacht op 'e Bakkefeanster heide, in tsjustere hjerstnacht yn 1944. In greate delling leit ek rêstich en stiI; hja rest ek fan 'e taek, dy't hja folbrooht hat en hja glimket as hja deroan tinkt, hoe't hja meiholpen hat de wrede tyran to fornifeljen. En hja dreamt fan in âld laech dat tûzenen fan jierren lyn him hjir rémakke ta de striid en hja wit dat de neiteam fan datselde laech noch libbet en him hjir fannacht ek rémakke hat foar de striid.

II

It is novimberwaer. Sa by nou en dan falt der hwat reinwetter út in stive loft. Dan lichtet it wer in bytsje; fuort letter dêr miggelt it wer hinne. In hynder sjokt mei twa weinen efter him oan stadich fierder. Twa man sitte op it foarkret. Ien is in moaidikke greate keardel fan sa’n lyts fjirtich jier. De oare is in kant jongfeint fan in foech fiifentweintich jier. It lykje beide flinke bazen. Men kin better gjin spul mei har krije, hwant dan koe men wolris fornimme moatte dat hja gâns hwat yn ‘e bouten hawwe. De jongste hat de jaechline. Hy driuwt it hynder net to folle; hja hawwe al in hiele loop hawn en hja moatte hjoed ek noch werom. Dêr komt har in fytser yn ‘e mjitte. ,,Soe er dat net wêze, Auke? Hwat tinkt jo?” seit de fuorman. ,,It liket der in bult op”, andert syn maet. En ja, hy is it. In jongfeint, sahwat like âId as de fuorman, mar hwat langer en skraelder, stapt fan ‘e fyts. De weinen hâlde ek. ,,Nou, Wim, hwer moatt’ wy wêze?’ En dan docht Wim, dy’t in rasechte Hollanner blykt to wêzen, forslach. Hy is fan ‘e moarn tagelyk mei Auke en Romke fan hûs gien. Doe is hy nei Bûtenpost fytst om dêr mei de GEMOL (gemeentlike operaesjelieder), ‘Fan der Goat’ it plak ôf to praten, dêr’t hja mei de weinen hinne moatte. Dat plak is by it Blauforlaet, wit er nou to fortellen. Efkes oerlizze hja noch, dan ride hja wer fierder. In drekkige, wiete reed by in boerespultsje lâns bringt har oan it wetter. Gâns in set moatte hja dêr wachtsje. Dan komt der in pream mei biten oanfarren, dy’t oars yn de Surhúster Mieden tusken Stynsgea en ‘t Fean lei. Efkes goed om har hinne sjen as de pream to plak leit en dan binne al gau in stikmannich oan it oerladen. Under de biten komme al gau de wapens dêr’t it om to dwaen is, wei. It binne 23 stenguns, 6 gewearen mei bajonetten, 1 Bazooka-granaet­lansearder mei de dêrby hearrende bommen, 44 needrantsoenen, 33 hângranaten, munysje foar sten, gewear en mitrailleur en 4 bussen mei springstof. Alles komt op ‘e foarste wein. De biten der goed oer hinne en klear is Kees. De efterste wein wurdt ek mei biten laden.

Op ‘e brêge, sahwat in kilometer ôf, steane poepen op wacht. Hja hawwe lykwols neat yn ‘e gaten. As beide weinen laden binne stapt Wim wer op ‘e fyts om foarút to gean. As er by it boerespultsje komt sjocht er de boer dêr stean mei in kiker foar ‘t each. ,,Hwat hawwe dy manlju dêr dochs by d’ ein?” freget de man oan Wim. ,,Och, we hebben een lading bieten gekocht”, is it andert. De boer skynt it lykwols net rjocht to stean, hwant hy loert alris wer troch syn fierrekiker. Hy sil wol tinke: “In nuver plak om to laden. Der is dochs wol in opslach hjir of dêr?” Mar hoe’t er ek kipet, hy wurdt oars neat as biten gewaer. Ek as de earste wein oan him ta is, sjocht er allinne mar biten op ‘e wein. Romke kriget de kiker ek yn ‘e rekken en tinkt: ,,Soe dy keardel hwatfornaem ha?” ,,Mei ‘k ek ris troch sa’n ding sjen?” ,,Jawis wol” en sa freonlik as ‘t mar kin langet de man him it ‘ding’ oer. Dan docht it bliken dat men mei it bleate each suver like folle sjocht, sa’n min ‘ding’ is it. Romke is dus wol gerêst. Op de ôfstân fan 400 meter hat de man neat merkbite kind fan hwat der oerladen is. Omdat de reed sa min is, hellet de biwenner fan it spultsje syn hynder ek en togearre skuorre de beide gudsen de wein der wol troch. Ek de twadde wein wurdt sa nei de strjitwei lutsen. Dan kin Romke syn brune it ollinne wol ôf. Dêr giet it wer hinne: In hynder sjokt mei twa swiere weinen efter him oan stadich fierder. De twa man op ‘e foarste wein hawwe de eagen goed iepen. Der mocht ris ûnrie wêze! Dan moatte hja sjen to ûntkommen. Oars is der nammers ek altyd noch it mantsje fan ‘e NBS (Neder­lânske Binnenlânske Striidkrêften) út Achtkarspelen, biwapene mei in pistoal. Ûnopfallend soarget er hyltiid net to fier ôf to wêzen. Al bitiid wurdt it tsjuster, foaral ûnder de beammen fan ‘e Grinzer strjitwei. Om healwei sawnen is’t dêr al neare nacht. Tichte by de Sevenhústerwei stiet in Dútske auto sûnder lampen op. Op ‘t lêste momint fornimt Romke him. Noch krekt kin er der omhinne komme. Sa giet it stadich fierder. Fuort by it doel fan ‘e reis komt in marechaussee op har ta en bigjint der oer to jeuzeljen dat hja gjin ljocht op ha. “Jo moatte sjen dat jo hjir wei komme”, gnoarret Auke. Mar dan wol de man witte, hwat der op ‘e wein sit. “Dat fortelle wy jo letter wolris” en it skynt dat de feint fan ‘e hillige Hermandad skrander genôch is om to bigripen dat men tsjintwurdich net alles witte moat, tominsten hy praet nearne mear oer en lit de beide mannen mei de weinen stil ride.

Lokkich binne hja gau to plak. In reedtsje yn en dan komme hja by it spultsje fan Romke syn heit-en-dy. Wim is dêr ek al. Mei man en macht wurde de weinen lege. De biten der gau ôf. Dan komt de kostbere skat, de wapenfoarrie, foar ‘t ljocht. It duorret net lang, dan sit de hiele saek ûnder it hea.

It is wilens al moai let wurden. Elk siket dan ek mar gau syn eigen hûs op. Auke wennet net sa botte fier of; Wim is ûnderdûkt by Romke ‘n-dy. Dat dy is ek fuort to plak.

Bliid dat alles sa goed gien is, geane hja yn ‘e hûs: Wim, Romke en dy syn âlden. Ek hja hawwe in swiere dei hawn. Hoe faek hat hjoed net ien fan beiden stien út to sjen! Soene sy hast net weromkomme? En de hiele dei hawwe hja yn tinzen mei op reis west en bilibben hja de spanning mei. En doe op ’t lest wie Wim thús kaem en hie sein dat it wol let wurde koe. Dat hie noch mear soarch jown: by tsjuster sûnder ljocht oer de Heide, dêr’t it ien en al soldaten is en dan noch wol yn ‘e forbeane tiid. Einlings en to’n lêsten hearden hja de weinen kreakjen. De spanning fan hjoed is nou wer hwat saksearre mar as hja in skoftsje letter op bed lizze komt de nije spanning: Soe ek ien fan ‘e buorlju hwat fornaem hawwe? Nou moast der ris forrie wêze! Hja binne net bang, dy net mear sa jonge minsken, mar hja hawwe wol in hiel great risiko op har naem. Wurdt it spul by har foun, dan bitsjut dat de dea, dêr is gjin twivel oan. Mar hja witte dat hja de goede saek, de saek fan de frijheit, tsjinje en dêr hawwe hja alles foar oer. Dochs is der tonei altyd in greate spanning yn harren.

De wapens lizze forside yn ‘e skuorre, de hiele winter. Sa nou en dan wurde hja ris goed neisjoen en oppoetst. Wim en Romke dogge dat net allinne; de boer wit ek krektlike goed hoe’t in stengun útinoar en wer yninoar moat. As hja mei sok wurk dwaende binne hâldt de frou de eagen en earen goed iepen en soms moat hja hurd de manlju warskôgje dat de boel út ‘e wei moat om’t der immen oankomt dy’t wolris yn ‘e skuorre komme kin. Inkeld komme der ek poepen oan ‘e doar. Soe de saek forret wêze? Komme hja om it hûs troch to sykjen? Mar né, de tsjinners fan it op ‘e ein rinnende Dritte Reich komme om to skoaijen om ‘Butter und Eier’! Sa is it in winter fol noed en soarch. De manlju moatte har melde foar gattegraverij: hja moatte greate gatten by de rykswegen lâns dolle, dêr’t de soldaten by loftoanfallen yn krûpe kinne. Fuort letter wurde hja allegearre oproppen foar towurkstelling by de Organisaesje Todt yn Drinthe. Fansels komme hja net. Rounom wurde razzia’s hâlden. Yn de rneaste doarpen wurde in soad ophelle en fuortfierd. De huzen wurde trochsocht; manlju moatte har forstopje ûnder de flier, yn ‘t hea, yn ‘e hynstekrêbbe, ûnder de turfbult, ja, hwer net. Mar de poepen witte de plakjes ek al aerdich Mannichien wurdt ûnder de flier weihelle. Hja stekke de foarken yn ‘t hea. Soms fine hja wapens. Dan wurdt der wer in hûs yn ‘e bran stutsen, manlju wurde deasketten.

Dizze foar elts bange winter is foar de hûshâlding by de Swette wol tige eangstich. Mannich kear jouns let of moarns bitiid moat har wol de skrik om it herte slaen as hja ûngewoane lûden hearre. As der ris let ien by de doar is of moarns ûnder melken immen it bûthûs ynstapt, is fansels it earste: ,,Dêr binne se!” Lokkich blykt it hieltiten wer hwat oars to wêzen.

De hiele winter troch wurde der ek gearkomsten yn ‘e keamer hâlden. De manlju bisprekke dan de plannen: ‘Gijs van Wijk’, de distriktsope­raesjelieder (DOL) út Drachten, ‘Van Rhenen’, de gemeentlike operaesjelieder (GEMOL) út Burgum, en mear soksoarte mannen mei nammen dy’t harres net binne, binne der dan. Romke syn mem sit dan wer yn ‘t keammerke allinne foar ‘t finster út to sjen. Fan forskate kanten binne de mannen kaem en allyksa geane hja, nei’t hja bipraet hawwe hoe’t it om en ta gean moat, ien foar ien wer har wegen. En stadich giet de tiid fierder. Einlings is it maert wurden.

III

It is de joun fan 9 maert 1945. Yn in simmerhúske oan ‘e Burgumer Mar tichte by Eastermar is in moai great selskip byinoar. Hjir húsmannet in ploechje ûnderdûkers út ûnderskate oarden yn ús lân. En nou binne der joun ek noch gasten. As wy hwat oan it healtsjuster wend binne, sjogge wy dat ien fan harren de DOL II ‘Gijs’ is. Dy twa dêr njonken him dat binne ‘Fan der Goat’, de GEMOL fan Achtkarspelen en ‘Van Rhenen’, de GEMOL fan Tytsjerksteradiel. En dêr binne Wim en Romke fan ‘e Swette ek. Stadichoan komme der noch mear. Ien fan de lieders jowt noch hwat oanwizings hwat der krekt barre moat. Dan, om tsien ûre, geane hja hoeden nei bûten. It is in moaije stille joun. In pear mannen, dy’t oanwiisd binne om op wacht to stean, slûpe forskillende kanten út en jowe har del om goed op to passen.

Dan geane de oaren op in greate pream ta, dy’t fan ‘e middei om in ûre as fiif dêr oankaem is mei in fikse lading oan board: 64 gewearen mei bajonetten, 2 Brennmitrailleurs, 1 Bazooka-granaetlan­searder en dan de munysje foar al dat reau. Dit spul moat fordield wurde oer de trije sekjes: Eastermar, Burgum en Trynwâlden. Wim, dy’t wy nou sa stadich oan al kenne, hat de pepieren oer de wapentransporten by him en lêst de fordieling op. It docht nou bliken, dat hy de kommandant fan de seksje Burgum is. Út de greate pream wurdt it saekje oerladen yn twa lytsere: ien foar Eastermar en ien foar Trynwâlden. De lêste sil ek it spul foar de seksje Burgum mar mei nimme omdat it wapenopslachplak op Noardburgum by Romke syn âlden net oer it wetter to birikken is. Út Trynwâlden wei sille hja dan wol soargje dat de boel to plak komt.

Troch it moaije, rêstige waer avanseart it oerladen knap. Der komt reid oer de nuodlike lading hinne en dan is der neat mear fan to sjen. Sa gau as it in bytsje ljocht is, geane de skip­pers de mar oer. De oaren bringe de nacht troch yn it simmerhúske mei fortellen, sjongen en akkordeonmuzyk. It wurdt sa noch in ge­sellige nacht midden yn dizze neare oarlochstiid. Ien fan ‘e mannen, dy’t it meimakke hat, fortelt hoe’t de greate pream hjir kaem is. In dútske sleepboat wie harren foarby fearn en doe frege ien fan ‘e preamskippers oft hja har net efkes meinimme woene. Ja, dat koe wol en sa sleepten de poepen de wapens, dy’t tsjin har sels opnaem wurde sille, moai to plak. Ear’t hja der erch yn ha is it al dei en dan giet elk syn eigen wegen wer. Nei dizze nacht wurde der noch forskate bisprekkingen en gearkomsten hâlden foar’t alles goed organisearre en regele is.

IV

Op 9 april moat alle wapenfoarrie definityf oer de seksjes fordield wurde. Ien Brenn-mitrailleur moat fan Eastermar noch nei Noardburgum brocht wurde en ek ien fan Trynwâlden nei Noardburgum. Dêrwei moatte nei Trynwâlden 8 stens mei munysje en in Bazooka mei springstof. Nei Easterrnar moatte dan noch 8 stens mei munysje, hângranaten en needrantsoenen. It kin dus in drokke dei wurde.

Op it spultsje oan ‘e Swette is it dan ek ien en al aksje.

De manlju hawwe it drok om alles to regeljen hwat brocht en helle wurde moat. De froulju (de boerinne, de koerierster en de fammen fan Wim en Romke) binne drok dwaende om 25 ‘overalls’ foar de seksje yn oarder to bringen: knopen deroan. knoopsgatten meitsje en de ‘Oranje’-bannen omnaeije. In hiel kerwei it ien mei ‘t oar. De koerierster moat der ek noch alris by wei om birjochten oer to bringen.

Nei iten giet Romke ris op stap om to sjen oft der ek hwat nei harren ûnderweis is. It duorret net sa mâlle lang of hy komt de wein fan Eastermar mei de Brennmitrailleur, forstoppe ûnder ierdappels, tsjin. Mar it liket net sa botte gun­stich, hwant derefteroan sjout in stel soldaten. Dy binne op ‘en paed nei Dokkum en hawwe de wein ûnderweis nadere om de rânsels to for­fieren. Lokkich hawwe hja der gjin aen fan hwat der ûinder de ierdappels sit. It skynt ek dat hja gjin forlet mear fan dizze bêste ‘Kartoffeln’ ha, tominsten hja tale der net nei.

De fuorman moat lykwols mei oant troch Feanwalden hinne. Dan wurde de rânsels wer ôfloege en de wein fol ierdappels is ridlik gau to plak. Romke is fuortdalik, doe’t er seach hoe’t de saek der by stie, nei hûs ta riden. De Juffer (de koerierster) is der doe op út tein om to sjen hoe’t it ôfrint. Fol spanning sitte de man!ju to wachtsjen. Giet it mis, dan sille hja sjen hwat hja dwaen kinne. In hiele opluchting is it lykwols as hja in skoftsje letter hearre dat de saek noch sa goed biteard is. De wein wurdt lege en de lading foar Eastermar komt nou ûnder in fracht biten op ‘e selde wein en dan set de âld kêdde wer út ein.

Út Trynwâlden komt in hoartsje letter ek in wein oan. It duorret net lang of dy is ek al wer mei syn nije lading op wei nei hûs.

Sa is mei al dizze drokte de middei gau om.

V

It is nou joun.

Yn ‘t Bûtenfjild tusken Feanwâlden en Readtsjerk fytst ‘n jongfeint, in swiere koffer efterop. Hy liket hastich to wêzen; hy rydt tominsten stevich troch. Ynienen stiet lyk foar him in hiel ploechje swarte stalten. ,,Halt! Landwacht!” Mei in smak kletst de swiere koffer foar de fuotten fan ‘e sawn lânwachters del. Allegearre stouwe hja der op ta. Dit koe wolris in goede hael wêze, dyt se hjir dogge. Grif in koffer fol spek of bûter of sokssahwat. Mar hja sjogge nuver op as der oars neat as... springstof mei hwat der by heart foar ‘t ljocht komt. ,,Eh... hwer is dy fint bleaun?” fljocht har ynienen troch de holle. Mar ,,dy fint” hat fan ‘e alteraesje al lang profitearre en is yn gjin fjilden of wegen mear to finen.

Sawn lânwachten yn it Bûtenfjild tusken Feanwalden en Readtsjerk ha in minne joun. Hja ha in pracht fangst dien: in koffer mei explosiven fan ‘e ‘Oranje-bolsjewistische of plutocratische, terroristische elementen’, mar hja doarre der net mei by har baes oan to kommen, hwant ,,Hwer is de man dy’t dit spul by him hie?” sil dy ommers daliks freegje. En dan kinne hja inoar ris oansjen en de iene kin wachtsje oft de oare hwat seit, mar op ‘t lêst sille hja allegearre stean to triljen mei de holle foardel foar har ‘banlei­der’ of ‘heerbanleider’of  hoe’t er mar hite mei en gjin ien fan harren sil in oannimlike forklear­ring jaen kinne. Elts fan harren sit dy nachts as in houn mei de sturt tusken de poaten om’t er in wân bruijen hawn hat nei hûs ta moatte. It laket har dêrom by einslúten better ta om mar nearne oer to praten en de koffer mar fuort to avansearjen.

In fûterjend en protteljend steltsje lânwachten giet it Bûtenfjild troch; füterjend omdat it har de lêste tiid mar min nei ‘t sin giet. De poepen sjogge hja bang en senuweftich alle dagen weroan de wei lâns gean en altyd deselde kant út: fan it front ôf, foar it front op. Protteljend om’t hja nou sa’n minne set dien hawwe. De kommandant tinkt oan de streken of de stjer, dy’t er oars grif wol krige hie; de mannen dreame fan it ekstra lean, it forlof dat der foar har oan sitten hie foar it snappen fan sa’n terrorist. En de iene jowt de oare de skuld en de nacht, de wide stille nacht, is nou fol rûzjelûden.

Mar de beammen, dy’t tusken Hurdegaryp en de Greate Wielen fannacht oer de wei falle soene, bliuwe stean om’t Jopy, de Seksjekommandant fan Trynwâlden, syn koffer mel springstof­fan oan ‘e Lânwacht oerdien hat.Hja binne bliid, dy hege, sterke beammen, dy’t krekt de nije maitiid yn har grienjende tûken fiele. Hwa’t dy nachts de Grinzer Strjitwei lâns giet heart in sêft sûzjen as in stille glim fan ynlike libbensnocht troch de útsprutende krunen fan de dûnkere, kreftige, noch krekt oan ‘e dea ûntkame reuzen gean.

VI

Dyselde jounes slûpe der in stikmannich, by nacht net goed to ûnderskieden, persoanen by de pleats oan ‘e Swette it hiem op. Hja wurde gau yn ‘e hûs litten, dêr’t by it ljocht blykt dat it jonges fan Noardburgum binne: it is de NBS­groep Noardburgum. Hja krije de opdracht ta sabotage. Alle forkearsbuorden fan it Swartkrús oant Quatrebras moatte krekt oarsom set wurde. Wapens wurde útdield en hja geane op stap. As hja lykwols by  de greate strjitwei komme docht it bliken, dat it sa drok is dat hja ûnmooglik hwat út ‘e wei sette kinne sûnder ûntdutsen to wurden. Boppedat steane der op Quatrebras soldaten op wacht. It rydt mar fuort it westen yn, in wanhopige flecht fan in ynsluten, net mear to redden, leger. Sûnder risseltaet giet groepskommandant Romke mei syn mannen einlings wer op hûs yn om noch efkes it fel oer de eagen to lûken. Moarn kin ‘t wolris wer in bannige dei wurde.

VII

Tiisdei 10 april 1945

De hiele dei wer deselde stream fan auto’s, fytsen ensfh. as justerjoun. As dit sa trochgiet kin der joun wer net folle fan ‘e sabotageaksje komme. As it tsjuster is komme deselde mannen fan juster wer byinoar, mar nou by Oosten­brug, tichte by Quatrebras. Der wachtsje hja op ‘e wachtmaster fan ‘e marechaussee, dy’t der op út is om ris poalshichte to nimmen. Om in ûre as alve komt dy en hy jowt de rie net op stap to gean omdat it wer allegearre poepen is. It risiko is to great en dy buorden binne op ‘t lest gjin minskelibbens wurdich. Wol hwat spi­tich dat hja har opdracht net útfiere kind ha, geane de jonges wer op hûs yn.

VIII

Woansdei 11 april 1945

Doe’t fan ‘e wike bikend waerd dat Jopy hast snipt is mei de koffer fol springstof, dy’t er fan ‘e Swette helle hat, is der alris oer praet oft der ek in oar plak foar de wapens socht wurde moat. It roun suver ek al hwat yn ‘e gaten dat der sa’n fremd folk kaem en dan ek noch al gauris mei in hynder-en-wein. Auke hat nou wol ien, dy’t fuort by oan it wurk wie, wys makke dat der útforkeap fan biten hâlden waerd, mar dat nimmen formoedens bigjint to krijen, der binne hja net sa wis fan. Wim en Romke ha nou in better plak útsocht, tichte by it pompstation fan ‘e wetterlieding, dêr’t, as ien fan ‘e wichtigste gebouwen fan FrysIan, tige noed foar stien wurde moat. Hja hawwe mei Kees Oostenbrug, de jonge boer op ‘e manske pleats oan ‘e greate strjitwei, praet en dy wie fuort ré om to helpen.

Op ‘e neimiddei riidt der in wein rûge dong by Oostenbrug it hiem op. Net mâle lang duorret it, of alles leit ûnder de keamersflier. De frou is to praten. De boer foun it foar har al sa rêstich as hja fan neat wist en hat har de doar út praet.

Krekt binne hja dwaende om de boel yn ‘e keamer wer hwat to plak to skouwen as hja lykwols thús komt. Ta har greate argewaesje sjocht hja in stik dong op it flierkleed lizzen. Dêr wurdt de boer fansels fiks oer beskrobbe. Hwa nimt nou soks ek mei yn ‘e hûs! Mar as Oostenbrug gau mei feger en in túchblik oansetten komt en it wol tige nuttige, mar foar it flierkleed net sa needsaeklike guod bûtendoar brocht hat is de frede gau wer tekene.

As Wim en Romke fuort geane witte hja dat har kostbere wapenfoarrie nou in goed plak hat. It is allegearre goed ôfpraet: in pear man sille nou inkele nachten der mei to set om de wapens goed to himmeljen. As se dan brûkt wurde moatte is alles foarinoar.

Sa wachtet alles op it greate momint, dat ien kear - en it kin net lang mear duorje - komme sil, it momint, dat ek it Fryske folk einlings en to’n lêsten dan dochs ris toane kin hwat it wurdich is. Dan sil it net mear warleas wêze. De fiif jier fan fordrukking, fornedering, al it opkroppe leed, de eangst, de soarch, al de forbiten forwoedendheit sil nou strakaensens ta in ütboarsting komme.

Hwannear sil it wêze? Dat is de greate fraech dy’t elts bihearsket. En mar jimmeroan ride der dútskers troch, flechtsjend foar it front op, it westen yn. Nei de Heimat kin­ne hja net mear. Nou bisykje hja har to konsintrearjen yn Hollân. Hja binne bang. Bang foar de disoarder, bang foar de driigjende ûndergong fan it Reich, bang foar de Kanadezen, Ingelsken en Poalen, mar as de dea sa bang ek foar fijannen dy’t hja net witte hwêr’t se sitte. Hja flechtsje en sjogge skou om har hinne, nerveus har wapens ré hâldend en oeral komt binearjend it gefaer op har ta. Hja sjogge it oeral en witte dochs wer net hwêr’t it is. It is as in spoek dat efter har oan sit en foar har is en lofts en rjochts: in fijân dy’t hja net sjogge. Oan ‘e wei steane mânlju: binne it terroristen? In frouminske komt har yn ‘e mjitte: is it in spionne? Bang binne hja, ek foar de ûndergrounske fijân dy’t syn tiid lykwols ôfwachtet.

 

Hurd gean ik wer by Piter op 'e moter sitten en wy ride nei it Pompstation. By de yngong stiet Wim mei de GEMOL, dy't krekt ek op in moter oankaem is, to praten. Ik meld harren hwat ik krekt heard haw. De GEMOL jowt opdracht dat wy nei Oentsjerk ride moatte om to sizzen dat de poepen nei Noardburgum brocht wurde moat­te. Ik gean noch efkes it hiem fan it Pompstation op, dêr't Harm op in draechbier leit. Dêr leit ús tredde maet, kâld en wyt, sa ûnforwachts troch de dea weiskuord. Doe't dyjingen, dy't it tichtst by him wiene, op it sjitten oanrinnen kamen, wie it aI dien mei him. Krekt hied er noch mei ien sitten to praten. ,,Nou, ik moat mar op wacht", wie mei fan it lêste hwat er sei. Hy los­te syn broer Wibe ôf en doe fuortdalik kamen dy auto's der oan: earst in lytsen en doe in frachtauto. De poepen hiene ek noch sketten op Ridzert, dy't krekt de foardoar fan it Pompstation útstapte. It earste skot wie mis. Doe liet Ridzert him fuort falle efter it muorke en de skoaten koene him net mear reitsje.

Piter en ik geane nou op stap nei Oentsjerk. Wy binne yn Hurdegaryp as Klaes en noch in man as hwat, dy't op patrouille west ha, ús yn 'e mjitte komme. Wy stopje efkes en freegje oft hja ek witte hwer't dy auto krekt pakt is. Mar ta us greate toloarstelling fornije hja ús nou wer dat de skurken alhielendal net snapt binne. Hja hawwe sapas mei de GECO (Gemeentlike Kom­mandant) praet en dy wie yn 'e auto oan 'e oare kant Aldtsjerk de twa auto's fan 'e poepen noch tsjinkaem. Dus dochs noch mis. Wy kinne se mei ús licht moterke ûnmoogIik mear ynhelje. Dêrom sille wy nou mar werom. Dêr komme wer tanks oanriden. Wy hâlde se oan en it docht bliken, dat it deselden fan niiskrekt op Quatrebras binne. Hja hawwe dêr sa lang stien. Ik fortel de mannen dat de moardners fan strak dochs net pakt binne. Hja kinne der sels net efteroan, mar sille it oer de radio al efkes trochjaen.

Dan ik wer op 'e duo by Piter. Gau binne wy wer op Quatrebras. Ik haw ûnderweis myn plan mak­ke. Men moat, nou't de situaesje hieltiten wer oars is as men miende, nou ienris wol hwat op eigen initiatyf hannelje. Op 'e kaserne bisykje ik Dokkum to skiljen. De tillefoan is lykwols noch net yn oarder: ik kin gjin forbining krije. Dan mar op 'e moter hinne. Wachtmaster De Jong wol wol op 'e swiere moter mei my hinne. Hurdop giet it op Dokkum ta. Ik waei der suver ôf by tiden. Mei de lofter hân haw ik my fêst, mei de rjochter hân hâld ik de karabyn, dy't ik oer it skouder haw, beet. Ik kypje ris oer De Jong syn skouder hinne nei de kilometerteller. Sawntich wiist er as wy de bochtige wei troch de Feanwâldster buorren lâns stouwe. Bûten de buorren komt der noch in skepke oer hinne. By de Falomster brêge hâldt in ploech,NBS-ers ús oan. Hja litte ús lykwols ek fuort wer trochride as hja sjogge dat it wol yn oarder is. Ik freegje earst noch oft dêr ek de biwuste auto sjoen is en warskôgje harren good út to sjen om't itby ús sa en sa gien is.

Dan ik wer op 'e duo by Piter. Gau binne wy wer op Quatrebras. Ik haw ûnderweis myn plan mak­ke. Men moat, nou't de situaesje hieltiten wer oars is as men miende, nou ienris wol hwat op eigen initiatyf hannelje. Op 'e kaserne bisykje ik Dokkum to skiljen. De tillefoan is lykwols noch net yn oarder: ik kin gjin forbining krije. Dan mar op 'e moter hinne. Wachtmaster De Jong wol wol op 'e swiere moter mei my hinne. Hurdop giet it op Dokkum ta. Ik waei der suver ôf by tiden. Mei de lofter hân haw ik my fêst, mei de rjochter hân hâld ik de karabyn, dy't ik oer it skouder haw, beet. Ik kypje ris oer De Jong syn skouder hinne nei de kilometerteller. Sawntich wiist er as wy de bochtige wei troch de Feanwâldster buorren lâns stouwe. Bûten de buorren komt der noch in skepke oer hinne. By de Falomster brêge hâldt in ploech,NBS-ers ús oan. Hja litte ús lykwols ek fuort wer trochride as hja sjogge dat it wol yn oarder is. Ik freegje earst noch oft dêr ek de biwuste auto sjoen is en warskôgje harren good út to sjen om't itby ús sa en sa gien is.

Op 'e Krúswei yn Moarmwâld sjoch ik De Vries, de GECO fan Dantumadiel, stean. Ek him doch ik koart it forhael. Hja siill der ek om tinke. It is dêr allegearre minsken. Der moat in troep Lânwachten ûnderweis wêze fan 'e Driezumer kant en dêr is it wachtsjen foar de NBS dêr nou op.

 

Nei noch in eintsje jeijen binne wy by Dokkum. Lykwols, nou krije wy maleur. De moter, dy't by it fuortgean al net rjocht oanslaen woe slacht nou ôf as wy by de brêge stopje moatte en hoe't De Jong ek bisiket, hy docht it net wer. Ik wachtsje net lang en lien op eigen rnanneboet de earste de bêste fyts dy't ik stean sjoch. It docht lykwols gau bliken dat it wol de earste mar perfoarst net de bêste is. It is in âld bistke op kusjebannen mei in hieltiten trochknikkende traper. Remmen sitte der net oan. En as men dan sa troch Dokkum mei al syn op en del geande strjitsjes moat op in dei dat it hiele stedtsje yn feeststimming is en der hieltiten krekt tanks oankomme dy't noch mear minsken de wei út lokje, dan falt dat net daliks ta. It is dan ek net sa'n great wûnder dat ik, as ik earne by de lichte del ryd krekt as der in hiele kliber folk yn dat selde nauwe strjitsje is, suver in slach oer de kop doch en midden yn 'e minsken to lânne kern. Myn karabyn ha 'k by dizze loop troch de stêd ek rnar lêst fan. Noch twa kear reitsje ik ûnder fuotten ear't ik op it Weeshûs, dêr't de Distriktsstêf setelt, bin.

Yn 'e gong wurdt my frege, hwat myn boadskip is. Dan wurd ik yn in keamer litten. Efkes moat ik wachtsje om't de tillefoan krekt giet. Ik sjoch ris om my hinne. In jongkeardel sit efter in buro. Hy is my bikend: it is in soan fan Van Dyk, de skuonwinkelman hjir út Dokkum, dy't koartlyn deasketten is. Yn 'e hoeke fan 'e keamer sit noch in jongeman. Ik moat him ek wol ris moete hawwe mar ik kin him net sa gau to plak bringe. Dan leit Van Dyk de hoarn del en ik kin myn for­hael fortelIe. Hja sizze ta der sil soarge wurde dat de posten yn it distrikt allegearre sa folle mooglik warskôge wurde. Faeks slagget it dan de poepen to snappen en yn alle gefallen kinne der dan net mear sokke slachtoffers falle as by ús.

Noch efkes prate wy nei. It docht bliken dat de oare master Houtsrna fan Tytsjerk is. Hy is in Dokkumer fan komôf. Van Dyk fortelt my jitte fan syn heit dy't kommandant fan 'e BS yn Dokkum wie en nou lêsten fallen is. Fansels stiet de soan nou mei foaroan yn 'e striid tsjin har dy't syn heit ombrochten.

Mei gauwens set ik wer ôf. De âld fyts bring ik wer to plak. As ik by de garage kom, dêr't De Jong mei de moter hinne soe, docht it bliken dat hy dêr net holpen wurde koe en nei in oaren ien, in ein de stêd yn, gien is. Nei hwat paed­freegjen kom ik to plak. De Jong stiet to wacht­sjen oant de moter ré wêze sil. Wy geane efkes yn 'e winkel sitten. Dêr steane in bank en in pear noflike stuollen. Oh, hwat bin ik bliid dat ik sit! Ik haw nea witten dat in bank sa noflik sitte koe. Nou fielt men it tokoart oan sliep fan 'e lêste nachten en de wurgens fan it hieltyd mar omfleanen fan oerdei. It muoit my suver as de monteur ré is. Mar dan moat it dochs mar gau wer wêze.

Yn in herberch foaroan yn Dokkum drinke wy noch in glês ranje. De baes seit: ,,Drink mar gau op en der is wol mear, hear!" Jild wol er perfoarst net oannimme. It docht ús dochs wol goed dat men in bytsje wurdearring ûnderfynt. Hoe lang sil dit sa bliuwe? Nou ja, net dat hja ús altiten fortarringen om 'e nocht jaen moatte soene. Mar sille de minsken, as it gefaer foar harren oer is, as de earste blydskip wer hwat saksearre is, ek noch ris mei tankbrens tinke, né net oan ús, mar oan al dyselden dy't folle mear noch weage hawwe, dy't soms al tiden lang de swierste en gefaerlikste opdrachten útfierd hawwe en dat faek mei har libben bitelje moasten? Of sille sokken, foar hwaens wurk elts yn 'e bisettingsjierren earbied hie, mar dy't doe ûnbikend wiene, nou nei de bifrijing, as it heimsinnige waes om har hinne weiskuord is, for­getten wurde en kritisearre wurde troch guon, dy't sels net de moed hiene om hwat to dwaen? Dyjinge, dyt op tank rekkent, koe him wolris forsinne. Hy hat foar it heitelân oer syn plicht dien, hy is de bisettingstiid troch kaem mei in suver gewisse; lit him dat genôch wêze!

It duorret net sa mâlle lang, of wy binne wer ûnderweis nei hûs. Wy hoege nou sa hurd net mear as hinnereis. Oeral binne hja hjir nou warskôge foar de auto mei poepen en nou kinne hja harren yn acht nimme.

Yn 't moaije waer glide wy de wei oer. Ik sjoch nouris hwat om my hinne. Moai leit it maitiids­griene lân om ús hinne. Frede liket it. Hwa soe tinke dat de iene minske de oare formoardet hjoed? It docht my tinken oan krapoan fiif jier tobek. Tsien maeije 1940 wie 'tkrekt sok waer: rounom sinneljocht, oeral nij grien, allegearre jong libben! Doe kamen hja. Fiif jier ha hja terge en forfolge. Earst hiel hoeden en gemien. Letter iepenlik, mar net minder falsk. Nou geane hja, it ,,Herrenvolk"!

Ûnder dizze prakkesaesjes binne wy al gau wer op Quatrebras oankaem. De wachtmaster bringt my noch efkes troch nei it Wettergebou. As ik dêr kom fyn ik Wim mei noch in stikmannich yn it kantoar fan menhear Berghuys. Der sille in pear forfangers oannaem wurde foar de falle­nen. Wy moatte op ús tal bliuwe. Der hawwe har al in pear oanjown. Ik moat alderearst forslach dwaen fan ús reis. Wim heart raer op dat de smychten net snapt binne yn Oentsjerk.

Sa't wy noch oan it praten binne, komt der in menhear yn dy't fan 'e ynljochtingtsjinst blykt to wêzen. Hy is tige nijsgjirrich nei it foarfal fan hjoed. It is fansels ek fan bilang dat dit feit fêstlein wurdt. Grif moat it as in oarlochsmisdied biskôge wurde. Dêrom forhelje wy him sa goed mooglik hoe't alles om en ta gien is. Út en troch makket er hwat oantekenings. As er de feiten sahwat wit giet er der op útom hwat roun to sneupen. It is al moai let op 'e joun as er wer komt. Hy hat al hwat nijs opdien mar it liket net sa bêst. De auto mei de skoeljes, dy't sketten hawwe, moat by de Westerein pakt wêze. De keardels binne as finzenen nei Moarmwâld brocht. Dat stiet ús fansels allegearre wol oen. Mar de ynljochtingstsjinstman is bang dat hja nou dochs ûntkaem binne. Yn Moarmwâld binne in stikmannich BS-ers kaem en dy hawwe sein dat de NBS yn Achtkarspelen dizze keardels graech ha wol om't hja dêr ien deasketten hawwe. Dat wie goed en meiinoar binne hja ôfstutsen. Nou hat de ynformaesjeman nei Bûtenpost skille en it die bliken dat nimmen der hwa't fan dizze saek ôfwit. En nou bigjinne de forûnderstellings fansels. Soene hja ek mei in mûklist troch har maten bifrijd wêze? It wiene NSKK­mannen, dus gjin Dútskers. Sadwaende kinne hja har wol útjaen foar NBS-ers. En soe dit dan ek in forkenningspartouille west hawwe fan de poepen, dy't jitte yn Grinslân oan 'e sékant sitte? In bytsje ûngerêst en frij hwat nidich, dat se dêr yn Moarmwâld dy finzenen sa mar oerlevere hawwe oan guon dy't hja net ienris wisten hwer't se weikamen, hearre wy dit forhael oan. Groepskommandant Jaep en ik sitte dêrnei noch in skoftsje by de femylje Berghuys. Der wurdt ús in lekkere kop sûkerlarjemolke presentearre. Dat ha wy yn jierren net hawn.

It praet komt al gau op 'e konsintraesjekampen. Wy hawwe niis krekt fear de radio in forslach heard hoe't it der yn it kamp Buchenwalde oan wei gien is. It is bisteftich sa't minsken dêr bi­hannele binne. Wy wisten wol dat it dêr slim wie, mar it docht wol bliken dat de helte ús jitte net oansein wie. It sprekt fansels dat de hear en mefrou Berghuys mei greate soarch it nijs, dat dêroer nou bikend wurdt, hearre. Fan Adri, har soan, hawwe hja noch neat heard. Forline sim­mer is er oppakt as ien fan de foaroanmannen fan de ûndergrounske organisaesje yn Fryslân, in jongkeardel fan 23 jier dy't ber­gen fan it nuodlikste wurk forset hat. De lêste tiid die er oars neat as yllegael wurk. Syn baen hied'er der oan jown. Earst hat er yn Grins sit­ten. Dêrnei is er nei it konsintraesjekamp Vught brocht. Nei't yn augustus-septimber 1944 de fin­zenen útVught nei Dútsklân fierd binne, hawwe hja neat wer fan him heard. Soed'er yn Buchen­walde sitte, of yn Dachau of yn Bergen-Belsen, of libbet er net mear? Hwat in marteIing fear sa'n húshâlding, dy lange ûnwissicheit, dat al­tyd-freezjen-en-dochs-hieltyd-wer-hoopjen! Wy fiele it, dizze minsken hawwe in great offer brocht foar de frijiheit fan ús lân yn al dit lijen; al mocht Adri thúskomme, ek dan al. De for­halen foar de radio binne foar harren noch folle forskrikliker as foar ús. Moat it it memmehert net ûneinich sear dwaen, dat miskien ek de lea­ve âldste soan dit allegearre trochmeitsje moatten hat? Jonge minsken hawwe swiere jierren hawn, mar soene sokke âlden it net helte swier­der hawn hawwe en noch hawwe? En dochs steane hja hieltiten mei alles ré. Hja helpe dêrt hja kinne. Har oare soan hawwe hja ek ôfstien oan 'e NBS. Hy tsjinnet hjir mei ús op it Pompstation.

It is al moai let as wy op bed geane. It is nou yndied in bêd to neamen. Hjoed is der in soad strie op 'e ûntfangseal, boppe yn it Pompstation, brocht. Lekker yn in tekken birôlle, in jas ûnder de holle, kin men jin deljaen as op in bêd, binammen as men hwat sliep efterop rekke is.

De moarntiid (tiisdei 17 april) komtús dan einliken ek fierstentogau. It leit noch sa lkker as Wim om in ûre as sawn ropt. By forskate jonges moat de wekker noch wol in kear ekstra ôfrinne, mar lang om let is it nêst leech. De tekkens komme kreas oprôlle by it sket lâns to lizzen en dan frisse wy ús hwat op by de kraen. Dat ha wy hjir foar: nearne wol de wetterlieding en it elektrysk ljocht mar hjir wie 't samar wer ynoarder.

De moarn giet om sûnder folle drokte. Ik gean mei de menhear fan justerjoun nei Quatrebras, dêr't er yn in auto rekket.

De middeis, nei it waerm miel (it is nou sa bêst dàt), geane Wim en ik togearre nei Burgum. Earst op it Gemeentehûs hwat saken ôfhannelje; dan efkes nei de skoalle, dêr't de politike finzenen sitte. In pear man steane op wacht. Der moat fansels op past wurde dat der net guon útpike, mar al to strang liket de tucht ús net; yn alle gefallen is it hjir in paradys neffens de kampen en finzenissen fan 'e poepen. In pear Poalen en hwat arbeidstsjinstmannen moatte hjir nachts wol wêze, mar deis meije hja yn it doarp omstappe. Lykwols binne der ek wol guon dy't raer omstean leare moatte. De N.S.B.-boargemaster en de waernimmende gemeentesekretaris sjoch ik bygelyks dwaende om it iene lokael oan to dweiljen. Foaryn sitte de froulju; in listke mei de nammen sit der op 'e doar. Hwat manlju sjouwe ierdappels oan. Wy hawwe it nijs gau fan dit saekje ôf: oan 'e iene kant hat men oanstriid om hwat triomfanteliks to fielen, oan 'e oare kant hat it ek hwat tragysk dat it sa fier komme moast, dat guon fan ús eigen lânslju har sa misdrage koene. Dat wy geane mar fierder, de Kleasterloane del wer nei ús kertier. De ûnderdûkte klok wurdt krekt wer yn 'e Burgurner toer hyst as wy dêr lâns komme.

As wy op it Pompstation oankomme leit dêr krekt in roubrief dêr't tynge yn dien wurdt fan it fallen fan Harm de Vries. Allegearre lêze it. Wie oant nou Harm dyjinge dêr't wy oan toch­ten as wy op de dei fan juster weromsjogge, nou komt ek de femylje, syn faem, allegearre sa swier troffen, yn ús geast nei foaren. Mannich­ien fan ús wist hast neat fan Harm syn folk ôf. Men kaem út in oar doarp en koe inoar net iens sa krekt. Nou sjocht men dy nammen stean, nammen dêr't men de dragers net fan kin, mar dy't jin dochs hiel hwat sizze: in mem en in heit, dy't sa'n great forlies forarbeidzje moatte; in faem dy't him, dêr't hja har in takomst mei dreamd hie, oan 'e dea ôfstean moast; bruorren, in suster, hja sille Harm sa misse; in âlde beppe dy't op sa hege jierren noch sa'n slach treffe moast: in Harm de Vries waerd formoarde, ien dy't hiet krekt lyk as har man. Swiere da­gen hawwe dizze minsken. By it lêzen fan de swartomrânne wurden is it of sjoch ik har foar my lâns gean, as op in bigraffenis, en ik tink oan harren mei meilibjen en meifielen hwat dit foar har wêze moat.

woansdei 18 april 1945

Mei folle gloarje docht dizze dei ek wer syn yntocht. In heldere loft, in dize oer it fjild, in noch net sa heech steande mar dochs al strieljende sinne, dat is it hwat my moarns om in ûre as sawn, as ik myn noas bûtendoar stek yn e mjitte glimket. It is dan ek suver in wille as ik der efkes op út kin om hjir en dêr in boadskipke to dwaen. Dan letter, op it Pompstation werom, efkes oan it sjitten. Theo hat frij krige fan 'e seksjekommandant om syn brenn ris to bisykjen. Bouwe en ik meije ús sten ek ris prebearje. Fansels wurdt der wol oppast dat it gjin kwea kin en de kûgels yn 'e groun bidarje.

Om sa'n ûre as alve komme der Kanadezen oanriden dy't by de homeije fan it Pompstation hâlde. In stikmannich offisieren rûgelje út in jeep en fordútse ús, dat hja hjir ynkertierd wurde moatte. 0, dus dan moatte hja ús plak ynnimme, tink? freegje wy. Né, út noch yn net; hja wolle ús net heal forjeije. It doel is dat hja hjir yn it doarp p1ak fine foar sa'n 225 man mei 7 offisieren en sahwat likefolle ûnderoffisieren. As wy mei harren jitte steane to praten op it hiem fan it Wettergebou komt Mefrou Berghuys der oan om harren yn 'e hûs to noegjen. As hja heart dat der ynkertiering komt freget hja of wy efkes sizze wolle dat hja ek wol in pear man ha wolle. Nou, dat stelle de hearen tige op priis. De kornmandant, Captain Scott, wol dan sels graech mei in oare offisier, Captain Dunnier, hjir komme. Hy kin dan ek hwat mear mei ús yn 'e kunde komme, seit er. Dan geane wy mei op stap. Hja moatte in plak ha foar har kantoar. Dat wurdt al gau foun. De sol­daten hawwe hja leafst yn greatere gebouwen, mar der moatte gun minsken útset wu-rde of ûn­geriif fan hawwe. Hwat in forskeel mei de poe-pen. Dy kamen mar mei eas-ken: dit moat sa en dat sa. En dan koe men it mar dwaen. Né, dit bin­ne krekt ús mannen. Hja binne o sa fetsoenlik en freegje ús mar hieltiten hoe't it it bêste kin. De twa skoallen, de beukerskoalle en de pastorije komme guon yn. Dy binne dochs allegearre krekt brûkt fan 'e poepen. It is in wûnder sa't alleman nou helpe wol. Hjir is sa lang nei útsjoen; mei in blier sin docht men nou allerhanne kerweikes. As de skoallen en sa skjin moatte is dat sa mar klear. Elk stekt de hannen efkes út 'e mouwen en ridlik gau is der farsk strie yn en liket alles wer moai himmel. As der oars ynkertiering kaem siet suver elts mei freze en beev­jen ôf to wachtsjen oft hy ek ien fan 'e 'lokkigen' wie. Nou binne der guon dy't ús taroppe: ,,Stjûr ús ek mar in pear, hear!" Ien seit dat er leaver fjouwer as trije ha wol. Safolle mooglik sille allegearre lykwols yn 'e skoallen en sa ûnder­brocht wurde. Allinne foar de offisieren moat plak by boargers komme. Dat is ek sa mar klear. De koken komt by Ketellapper, de grientekeapman.

Middeis nei iten, om in ure as trije sahwat, dêr binne se. Auto's, moters, tanks, alles komt oanriden en swaeit op dêr't it wêze moat. Mar efkes letter hingje rounom al tillefoantriedden en skilje se fan it iene gebou nei it oare. As ik by Ketellapper kom om to sizzen hoe't it dêr sil mei de slieperij fan 'e soldaten, barne de benzinegasstellen al dat it sahwat docht. It iten is sa mar ré en alles hawwe hja mar ta har foldwaen. As hja hwat brûke moatte dan wurdt der mar wer in blik of in bus iepenmakke en it is der.

De dútske organisaesje fan '40 hie in bulte mins­ken gâns forbouwerearre, mar nou binne der guon dy't de mûle op 't kear hawwe fan for­heardens. Dit is pas organisaesje! En dan derby dy amikale omgong tusken soldaet en meardere. Gjin geskel en geraes lyk as by de dútskers en dochs wol oarder. Radio's spylje, moters brom­me, soldaten stappe kalm dêr tusken troch of sitte al to dobbeljen om briefkes fan tsien, tweintich ensfh. Ús jild hat foar har alhiel gjin wearde, docht wol bliken. Alles hwat der dien wurde moat, as der ynkertierd wurde moat, bart en dochs bliuwt men hjir kalm by.

De twa offisieren by de femylje Berghuys binne der ek al. Drokte hawwe de minsken suver net fan har. Alles nimme se sels mei en sa geryflik as it mar kin: in tillefoan, in radio, in moai, noflik bêd. It is sa't men it jin as soldaet mar bigeare kin.

As ik wer op it Pompstation kom moat ik trije brieven to plak bringe: ien foar de GECO, ien foar de GEMOL en ien foar in lid fan 'e NBS-stêf yn Hurdegaryp. Dy lêste opdracht jowt my ek de gelegenheit efkes thús to sjen. Wim jowt my dêr ek frij ta.

Sa kom ik foar 't earst sûnt forline jier 9 septimber, dus sawn moanne lyn, wer frij by klearljochte dei by ús it stekje trochriden en de doar ynstappen. It liket allegearre nou folle eigener thús as oars. Hwat is it âlde en biwende stikken moaijer nou't ik it wer sjoch nei sa'n lange twongen ôfwêzigens. Ik skôgje de dingen mei oare eagen nou't de frijheit der wer is.

Fierstentogau moat ik wer fuort.

tongersdei 19 april 1945

De dei stiet dalik al yn it teken fan 'e bigraffenissen dy't hjoed wêze sille. Wol sil elts dy't mei giet, syn unifoarmoverall oanhâlde, mar fansels moat men fierder wol sa gaedlik mooglik klaeid wêze. Boarden komme om, alpinomûtskes op. Allegearre krekt allyk.

Twa auto's geane nei Tsjommearum mei it folk dat Bouke Kingma (syn wiere namnme is Evert Sybesma) de lêste eare biwize sil. It stoflik omskot is fan 'e wike dêr al hinne brocht troch Wibe en noch in man as hwat mei in frachtauto en in persoanewein. Hja hiene noch al efkes ûnderweis west om't hja suver net foar har út sjen koene, sa'n sânwolkens kamen der del, de hiele klaei oer, fan de ûntploffings op it fleanfjild.

Der geane nou acht man fan ús mei en dan noch in stikmannich oaren lykas de boer fan 'e Swette, dêr't Bouke ûnder wetter wie, dümny De Wal fan Noardburgum ensafuorthinne. Wim sil út namme fan 'e NBS in pear wurden sizze. Al bitiid moatte hja op stap.

In oare groep giet nei de biierdiging fan Tsjalling Talma yn Feanwâlden. De middeis marsjeare hja mei de wapens oer 't skouder ôf.

Mei syn trijen bliuwe wy op it Pompstasjon oer. Dat is fansels to min foar de biwaking. Dêrom binne der in stik as tsien Kanadezen by ús kaem om ús derby to helpen. Ik haw de hiele middei de wacht op 'e wei foar de greate hikke. Fjouwer Kanadezen hâlde my selskip. Hja fortelle my hiel hwat oer Kanada en oer har aventuren as soldaet. Op 'e mouwe hawwe hja ,,Glen­garrians" stean. Dat is de namme fan it regi­mint wurd ik gewaer. ,,Glengarrian" is sa folle as in provinsje, in distrikt, mei trije gemeenten, dêr't hja de bigjinletters (S D G) fan op 'e klots hawwe. Oan it tal reade streken, dat hja op 'e mouwe hawwe, kin men sjen hoe folle jier as hja tsjinne hawwe. Is it earste fan dy streekjes in witen ien, dan bitsjut dat dat de drager frijwilliger is. Dit binne allegearre frijwilligers om't der yn Kanada gjin tsjinstplicht is. Ek de rangen lizze hja my út. En hja fornije my dat har fearalden út Skotlân kaem binne sa'n trij-fjouwer­ hûndert jier tobek.

Wer is ús hiten alles op 'e wei to kotrolearjen: auto's en moters meije net brûkt wurde as bistjûrders gjin ,,rijorder" toane kinne. Sûnder biwiis mei ek nimmen op 'e greate wei rinne of fytse.

It sil sa'n ûre as trije wêze as der in moai greate persoanewein oan komt. De hân komt yn e hichte en hja wolle wol stean bliuwe. ,,Mei ik efkes Jou papieren sjen?" Dan docht it bliken dat hja fan in riidoarder nea heard hawwe, dat mar ien fan 'e trije in NBS-identiteitskaert hat mar dan ek noch sûnder stimpel en dat de auto fol spullen sit dy't harren tige fortocht meitsje. De auto litte wy troch de homeije it hiem opride. Krekt komme de mannen dy't nei Feanwâlden west hawwe werom. Ek hja fortrouwe it net alhielendal. Pompieren net foarinoar, Dútske en lngelske springstof yn 'e auto, hiel oare bannen om 'e earm as wy ha, Dútske learen jaskes oan, alles liket hwat fremd. En wy ha troch it gefal mei Harm wol in warskôging hawn. By it bisjen fan de persoansbiwizen fine wy by ien fan harren in losse foto dêr't hy yn SS-unifoarm op stiet. Nou is it fansels alhiel moai! De Kanadezen sneupe mar yn 'e auto om. In revolver sjoch ik dat ien fan har yn e bûse stekt. Tabak wurdt der ek út helle.

Mei noch in pear man gean ik mei de trije hearen nei de Marechausséekaserne, dêr't hja forheard wurde. Hja fortelle dat hja nou fan Makkum komme. Dêr ha hja fiif dagen en nachten efterinoar as BS-ers yn 'it fjûr west. Om 'e Ofslútdyk is tige fochten. Mei in pear oaren hawwe hja de earsten west dy't yn Peinjum troch­drongen. Dêrfoar hawwe hja in lokwinsk fan 'e Kanadeeske kommandant krige. Ek foartiid hawwe hja hiel hwat bilibbe. Ien hat meidien oan oerfallen op it pelysjebero yn Snits en op mear plakken. Hja hawwe der op 'e Sweach by west, doe't der wapens delkamen. De foto fan de iene yn SS-unifoarm is makke omt hy dat unifoarm wol droech by oerfallen. Yn Grins, dêr't hja einliken weikomme, hawwe hja ek hiel hwat gefaerlike kerweikes út 'e wei set. Dêrom moasten hja dêr op 't lêst ek om in hinnekommen sjen en binne hja net fier fan Boalsert to lânne kaem. De jongste fan 'e trije dy't gun NBS-er is, hat gjin heit mear en syn mem hat KP-ers yn 'e hûs hawn en is deryn roun. Hja is nei in konsintraesjekamp yn Dútslân brocht.

Al dizze forhalen binne sa wûnderbaerlik en sokke sterke staeltsjes komnme hja fierder noch mei oansetten dat wy tsjin inoar sizze: ,,Wy hawwe hjir in pear fan de greatste smychten to pakken dy't lige kinne sa ha jo net, of dit binne guon fan de fikste keardels dy't der yn it hiele lân to finen binne, in pear bêste KP-leden." Der wurdt bisletten, wy sille harren mar nei Burgum bringe. Yn in Kanadeeske auto, dy't wy loskrije fan 'e Captain, geane wy mei syn trijen mei de trije arrestanten nei Burgum. Jaep giet foaryn by de chauffeur sitten om it paed to wizen. Westerhof en ik sitte mei ús sten klear efteryn om de mannen yn it each to hâlden. Ien jong Kanadeeske sit ek by ús. Hy loert mar hwat nei ús en laket mar, as woed'er sizze: "Lit se net ûntkomme! Jimme hawwe in goede fangst dien."

Op it gemeentehûs wer foar it forhoar. Ien fear ien wurdt der yn roppen en mei syn forhael fortelle. Dan skillet de kommandant fan 'e seksje pelysje nei Ljouwert mei as risseltaet dat wy de mannen nei de stéd bringe moatte. Dat giet oan. Mei in knappe feart strûst ús frachtweintsje troch Hurdegaryp en mar in setsje letter steane wy al fear it Burmaniahûs, dêr't de Gewestlike Stêf setelt. As wy útlein hawwe hoe't de foarke ien 'e stâlle sit, stjûre hja ús nei it pelysjebero dêr fuort by. Nei in skoft wachtsjen wurde de trije mannen ien fear ien yn in keamer roppen. Hege pelysjemannen mei stjerren op 'e kraech komme der oan to pas. Dan moatte wy ek wer fortelle hoe en hwat. Op it lêst komt der ek noch in hege Kanadees by. It is in goed ding fine hja dat der op sa'n greate wei sa goed kontrolearre wurdt. Hja sille bisykje kontakt to krijen mei de Distriktskommandant to Boalsert om nei to gean oft de arrestanten doge of net. Wy moatte sa lang mar wachtsje. It wurdt al tsjuster as der einlings wer in pelysjeman komt mei it nijs dat it slagge is de DIC (Distriktskommandant) fan Boalsert to skiljen en dat dy forklearje koe dat de forhalen fan ,,Gerrit" en "Joop" wol wier binne. Wy winskje de mannen lok mei dizze út­slach en sizze dat it ús muoit dat wy harren sa'n skoft ophâlden hawwe. Lokkich nimme hja it ús alhiel net kwea ôf. Hja jowe ús great gelyk dat wy it saekje net fortrouden. Hja soene krekt sa dien hawwe en as it oarsom west hie, hiene wy sa'n goede bihanneling grif net ienris krige, sizze hja. De skuld leit by har kommandant, dy't net soarge hat dat har pompieren goed ynoarder wiene.

Wy kinne nou wol fuort gean. Ús ,,goede fangst" bliuwt dêr fannacht en krijt moarnier bettere legitimaesjebiwizen mei. Ien fan ús ploech sil dan har wein nei Ljouwert bringe en dan kinne hja nei Grins gean om har plan, om yn Grinslân mei to fjochtsjen, út to fieren.

It is sa'n ûre as âlve as wy wer to plak binne op Noardburgum. De twa Kanadeeske kapiteins hawwe witte litten dat hja der wol bilang by hawwe noch to hearren hoe't dit gefal him ûntwoun hat. It hat ek bliken dien dat der út 'e auto fan 'e KP-ers twa pistoalen misse. Dy moat­te fansels moarnier wer to rjochte wêze. Lokkich is der sjoen dat Kanadezen dy yn 'e bûse stut­sen hawwe. Dêrom geane Jaep en ik noch nei de beide offisieren ta. As wy by har op 'e keamersdoar oanklopje wurdt dy fuort iependien. De iene is al yn pyama. Hy soe krekt op bed, mar wy rnoatte der dochs efkes yn komme. Wy sjogge mar hwat forheard om ús hinne sa't alles hjir yn oarder is. De radio spilet, in tillefoan hinget der al oan 'e want. It bêd is foar ús ek hwat nijs mei syn lekkens, dêr't men jin mei in rits alhiel yn bislute kin. Sa is it allegearre sa geryflik as 't mar kin. Earst dogge wy nou de saken ôf. Dan prate wy noch hwat nei. Captain Scott is nijsgjirrich nei it ûndergrounske wurk en nei de NBS. Hy hat ek yn Frankryk en België west, mar nearne wie de boel sa goed organi­searre as hjir. As er dat nou om ús seit of om't er it mient kinne wy fansels min útmeitsje, mar hy fortelt fierder dat yn dy oare lannen hja al foarby wiene ear't de yllegale soldaten foar 't ljocht kamen. Yn 'e greate stêdden wie it dêr ek wol goed foarinoar mar op it plattelân like it nearne nei en dêrtroch roun it gehiel lang sa goed net. Hjir binne de brêgen al biset en forskate plakken al yn hannen fan 'e BS as hja komme. Hy seit greate biwûndering to hawwen foar sa'n organisaesje, binammen as men bi­tinkt dat alles yn it forhoalen op priemmen set wurde moast. Wy op ús bar fortelle him hoe

bliid wy binne dat de frijheit nou einlings kaem is en hoe't wy hjirnei longere hawwe.

It is al moai let as wy yn it strie lizze.

 

freed 20 april 1945

Dizze dei is wer in earnstige dei. De middeis moatte wy op de bigraffenis fan Harm de Vries.

Sawntjin man geane mei. Marsjearend ûnder kommando fan Romke geane wy nei de Baptiste Tsjerke to Noardburgum. Op it poadium komme wy to sitten. De kiste stiet dêr midden op. Ek ús GECO en GEMOL binne der. As alle minsken to stoel en to bank binne (de tsjerke is fol) wurde der inkelde minuten stiltme hâlden. Wy steane allegearre stram yn e hâlding, it gewear prissentearjend. Plechtich is de stilte dy't swier yn 'e tsjerke leit. Dit earbitoan oan Harm, de forstoarne, makket greate yndruk op eltsenien. Dan bigjint Dûmny De Haan syn routsjinst. Wurden fan treast hat er foar de efterbleaunen: Harm forlear it libben om in better libben to winnen. Dan kinne allegearre Harm noch ien kear sjen, de neibisteanden lêst. It deart jin oan. De dragers komnme. Hja nimme de kiste op. Stadich giet de stoet útein. Wy rinne fuort efter de kiste. Oan 'e wei stiet in bulte folk.

By it grêf sprekke dûmny en de gemeentlike kommandant fan 'e NBS. In stik trije krânsen wurde op Harm syn lêste rêstplak lein. It fjûrpeloton jowt syn salvo's. Dan giet de lange stoet ûnder it spyljen fan it tsjerkoargel troch in earewacht fan NBS-ers it tsjerkhôf wer ôf.

Stil en yn tinzen marsjeare wy nei it Pompstation.

sneon 21april 1945

It is noch net sa hiel let fan 'e moarn as ús autoploechje ôfreizget. Njoggenentweintich SS- en Lânwachtmannen, dy't yn Burgum finzen sitte, moatte nei Ljouwert brocht wurde. Foarop in frachtauto mei dat naesje derop, it BS-weintsje der efteroan, sa giet it nei de stêd. Der wurdt wol goed oppast dat der nimmen fan ruten spi­let. Theo, ús marinier, dy't mei syn brenn efter­op sit, stiet der einliken allinne wol boarch foar dat der gjinien útnaeit. Yn 'e finzenis yn Ljouwert treffe hja it. In biwarder biedt nammentlik oan har it ien en oar sjen to litten. Nou, dat is tréwisfansels. Forskate slimme "gefallen" sitte dêr al: de biruchte Pier Nobach, de moardner fan Baron van Harinxma thoe Slooten en jitte mannich oare skoelje. Dan seit de gids: "Fortel mar ris hwat Jo dien hawwe" of ,,Hoefolle moarden hawwe jo op jou gewisse?' en dan binne hja allegearre sa dryst net en hâld har stil.

Undertusken hâldt Theo it taforsjoch op de njoggenentweintich finzenen. As ien de earmen, dy't er omheech hâlde moat, in bytsje sakje lit, jowt Theo hum in dúst. Dan fljogge de hannen de loft wer yn. Op it lêst ha se allegearre minstens ien kear in reis hawn. Ien bigjint to krimmenearjen dat it net tafalt om oardel ûre mei de earms omhegen to stean. ,,Nee", seit Theo, ,,maar het valt ook niet mee twee en een half jaar ondergedoken te zitten!" Is it in wûnder dat er grimmitich is? Sa lang al fier fan hûs en yn fremd wurk en altyd ûnder spanning? Syn sweager, dy't by de marinefleantsjinst wie en ek yn Burgum ûnder wetter wie, is forline hjerst troch de poepen letterlik deaslein en dêrnei ek noch trochsketten, inkeld en allinne om 'ter oantroffen waerd by de Douma's, dêr't hja om 'e nocht om kamen. Soks allegear is Theo fansels noch net forgetten.

It is in opluchting foar de njoggenentweintich man, dy't dêr as fûgelforskrikkers steane, as einlings de oaren wer komme en hja yn 'e sel har plak krije.

Yn geuren en kleuren krije wy dit forslach fan de reis nei Ljouwert to hearren as de auto wer op ithiem fan it Pompstation stiet.

Op 'e neimiddei komt der wer nijs. Wim dielt mei dat der frijwilligers frege wurde om mei nei HoIlân ta, dat noch bifrijd wurde moat en foar de kustwacht yn Fryslân. Ik moat nei it gemeentehûs ta om forklearringen to heljen, dy't ynfolle wurde moatte. Op it gemeentehûs moetsje ik myn ploechmaet Theo. Hy is al dwaende sa'n pompierke yn to foljen. Dêrmei is er de earste dyt him oanjowt. Efkes stean ik yn bistân en doch itek fuort mar ik wol gjin dingen dwaen sûnder se earst goed yn my omgean litten to hawwen as dêr tiid foar is. En it driuwt noch net. Ûnderweis wer nei myn post haw ik gelegenheit om it allegearre nochris ûnder eagen to sjen. En hwat mear as ik dat doch, hwat fester as myn bislút wurdt. Ik kin der ommers net foar wei! Ik tink oan fan't winter, doe't ik faek yn 'e kjeld forskûle siet op 'e souder yn myn ûnderdûkersplak en hoe't ik der dan nei langhalze dat de bifrijing dochs mar ris komme mocht. De bifrijing, dy't dochs ienris komme móást; ik bilibje it wer hoe't ik foar it dakfinster stie to stoarjen oer it fan 'e iere maitiidssinne bestriele, splis steande lân en dan mei sa'n ûneinich great langstme tochte oan 'e frijdom dy't sa ûnbirikber like en dy't der dochs ienris wer wêze soe, dy't my wer yn steat stelle soe to gean dêr't ik woe yn dat wide, rûme gea dêr foar my. Nou kin ik my der sa yn jaen, hwat in bulte jonge min­sken yn HolIân nou noch trochmeitsje. En dêr hawwe hja boppe oer al it leed dat wy ek ken­ne, noch de hongersneed hinne. In lyts stientsje bydrage oan dit greate wurk, de forlossing fan it sa bineare westen, dat sil ik dochs altyd kinne, ja moatte sels. En as ik net mei nei Hollân mei om't ik gjin militaire oplieding hawn haw dan sil ik dochs troch myn plak yn to nimmen by de kustwacht in oaren ien frij meitsje om mei to helpen oan 'e bifrijing fan ús hiele lân. As ik wer op it Pompstation bin, komt Wim al gau mei de fraech hwa't him oanjaen wol. Foar sa en sa let moatte de oanjeften by him binnen wêze. Ik kin earst noch krekt efkes nei hûs om oer myn foarnimmen om my op to jaen to praten. As ik útlein haw hwerom ik it myn plicht achtsje to gean, binne hja it dêr mei iens.

Wim kin de jounes fiif man oanjaen foar mei nei Hollân en trije foar de kustwacht. Ik haw tsjin him sein dat ik leafst dêrhinne wol, dêr't hja my it bêste bruke kinne. Tillefoanysk leit er dat mei de GEMOL oer. It wurdt it bêste foun dat ik by de kustwacht kom. Sa wurdt dan opjown. Op 'e eilânnen sitte noch Dútskers. Faeks meije wy dêrtsjin dan noch wol mei helpe. Yn tinzen dêr­oer fal ik yn 'e sliep.

snein 22 april 1945

Fan 'e moarn haw ik tsjinst. Ik stean efter it Pompstation op wacht as der in man oankomt, dy't nijs hat. Justerjoun binne der fjouwer poepen sjoen dy't weiwaerden yn in gat by de Ritskeloanebosk. Hieltiten hearre wy soksoarte forhalen. Dan wer hat ien Dútskers waernaem, dan wer in auto dy't tige heimsinnich earne stean bleau en dêr't doe in unifoarm útsmiten waerd, dan wit wer ien dat der troch de hiele bosk ûnderierdske gongen groeven binne, dêr't grif ek greate foarrieden iten en munysje yn sitte, sadat de poepen it dêr tiden úthâlde kinne. Elts wol graech meihelpe en alles sizze hwat er wit of mient to witten om foaral mar dy smoarge poep to pakken to krijen. Gjinien moat him earne forstopje kinne. Dat derby wierheit en fantasije wolris in bytsje al to ticht byinoar komme, moat men de nijsbringers mar net kwea ôf­nimme en dat dogge wy ek net. De bidoelings binne tige. Mar dat nimt net wei dat men dan dochs mar forskate forgese lopen der om meitsje kin. Sa giet it ek nou. Men kin it der net rjocht op oankomme litte. As der ris hwat fan wier wie? Dus geane der in man as hwat mei. In skoft letter komme hja werom. Foarsichtich binne hja nei it gat taslûpt. In hângranaet ha hja der yn smiten mar it die wol bliken dat it wer mis wie. Neat to finen fansels.

Nei iten meije dyjingen dy't harren oanjown hawwe as frijwilliger fuort om't dit grif de lêste snein is dat hja hjir binne. Dy kâns litte wy ús fansels net ûntkomme.

Yn 'e Eastermarder tsjerke kin ik net hieltiten myn omtinken by de preek hâlde. It is lang lyn dat ik hjir komme koe en dat ik frij gean mocht, dêr't ik woe. Is it in wûnder dat myn tinzen wolris op 'e doele binne en my fiere nei de tiid dy't leit tusken de lêste kears dat ik hjir siet en harke nei Gods Wurd en nou? Hwat is der net in soad bard! Hwat hawwe de gefaren wolris great west! Nou binne wy wer frij. It wol noch net yn my del. Ik haw noch suver gjin tiid hawn om my dit to réalisearjen. De wurden fan dûmny lykwols bringe jin der wol ta. Wy moatte witte hoe't wy de frijdom brûke sille, de frijdom, dêr't wy sa nei útseagen, dêr't wy foar striden hawwe, net allinne dizze lêste dagen, mar de hiele fiif jier hast. Wy moasten it winne, wy soene it winne. Mar hiene wy it ea woun as wy it sels, yn eigen krêft, dien hiene? As der oan it arbeidzjen net it bidden foarôf gien wie? En dan witte wy wol, dat wy it net kind hiene en dat wy faken op it kantsje oan 'e dea ûntkaem binne, as troch in wûnder. Dat hat net us wurk west. Dat wie it wurk fan ien Dy't machtiger wie as ús sterke fijân en Hy hat ús de frijdom wer jown, de frijdom dy't wy dêrom brûke moatte om Him to tankjen, de frijdom dy't wy ek bisteegje moatte ta Syn eare. Tinzen foarmje har en forfljogge wer. Wurden, sinnen geane de tsjerke troch nei de rninsken, dy't se fêsthâlde of oer har hinne of oan har foarby gean litte; wurden, sinnen, dy't dochs ien fan harren in machtich gefoel fan tankbrens, fan greate rêst, fan oerstjelpjend lok jowe en him sa bliid meitsje, dat hy wol sjonge, jubelje wol.

moandei 23 april 1945

Lyk as ornaris kin ik derfansels ek fan 'e moarn mar min ôfkomme as Wim by lâns komt: Nou jonges, wakker worde!" Justerjoun moast ik der om tsien ûre wer wêze hwant dan hie ik de wacht. Sadwaende wieit al net sa ier mear doe't ik it fel oer de eagen luts. As men jin lykwols nou de sliep in bytsje út 'e eachteisters wreaun hawwe en by de kraen ris lekker goed hwat wetter oer it gesicht spiele litten hat, wurdt it gau better. Alle dagen is it waer like moai; dat ek dat lokket wol. Fan 'e moarn wurdt der hwat ekstra op 'e antlitten omrost. It hier komt ris in hael mear mei de kaem troch en mannichien sjocht men wrakseljen mei in board of in strik dy't om moat. Hwat soe der barre moatte, dat alles sa yn 'e es wêze moat? Wol, wy komme op portret fan 'e moarn.

Meijer fan Eastermar komt aerdich op 'e tiid. In inkelde NBS-er moat noch efkes op wachte wurde, mar einlings is de hiele saek dochs kompleet. Hwat to plak skikken en dan knipt de fotograef. It is in hiele groep: ús hiele seksje mei de forovere auto en de fyts fan 'e Dútske kommandant. Dêrnei wurdt in foto makke fan alle Hurdegarypsters meiinoar; dan fan alle Noardburgumers. De trije kommandanten mei de koerierster komme der ek op. Ien plaet is der jitte oer. Bouwe en ik nimme de kâns waer en fuort letter binne ek wy togearre as jongsten forivige. It is it doel dat der fan de greate groep in forgreating komt to hingjen op 'e ûntfangseal fan it Pompstation mei in list fan de nammen en de hântekeningen.

Nei iten geane Bouwe en ik op stap nei Hurdeganyp om hwat byinoar to skarreljen foar in ôf­skiebyienkomst, dy't de jounes hâlden wurde sil om't heechst wierskynlik de frijwilligers fan 'e wike noch fuort moatte. Mei hwat flessen limonade, punch, ensafuorthinne komme wy wer thús.

Om in ûre as sawn komt dûmny Geertsema om in koarte jounwijinge to hâlden. Der binne lykwols noch net sa folle taharkers. Underwiles en fuort der nei komme de measten del. De froulju meije mei komme, dat it duorret net sa mâle lang oft de sliepseal, dêr't it strie en sa út helle is, is knap biset. De fiif mânlju, dy't hjir yn it doarp it yllegale wurk dien hawwe, Auke, Durk, Hindrik, Sape en Jelle binne mei de froulju ek bywêzich. Fierder is der de femylje Berg'huys en ek ús kok, Rein, komt.

In stik as fiif akkordeonisten soargje foar hwat muzyk. Wim hat de lieding en dat is him wol tabitroud. Mei spyljen, sjongen en foardragen is it gau let.

De gemeentlike operaesjelieder komt ek noch efkes del mei Lipke, de groepskommandant fan e Burgumer groep, dy't ek by ús seksje heart. De GEMOL fortelt dat er de middeis nei in gearkomste yn Ljouwert west hat. Dêr wiene ek de forbiningsoffisieren fan Prins Bernhard. Der wie binammen ek praet oer de frijwilligers. Foarearst meije der gjin nei Hollân. Dyselden, dy't har dêr­fear oanjown hawwe, geane nou to'n earsten mei nei de kust.

Noch inkelde oaren komme ek oan it wurd.

Om in ûre as âlve slút Wim mei in wurd fan ôfskie foar harren dy't fuort sille nei de sékant. Hy jowt opdracht dat eltsenien, dy't net in NBS-bân om hat, fan ien fan 'e oaren thúsbrocht wurde moat. Op inkelde wachten nei geane wy dan ek sahwat allegearre op 'en paed om dizze swiere opdracht út to fieren. By mannichien fan 'e trouden under ús sille grif de tinzen weromgean nei langforfleine tiden, nou't hy syn oare helte thúsbringe mei en dan wer fuort moat. Wie it ek net sa'n moaije nacht mei rounom stjerren oan 'e loft, doe't hy har fear it earst nei hûs brocht?

Ik haw noch net sa lang de eagen ticht hawn as ik om twa ûre roppen wurd om op wacht to stean oan fjouwer ûre ta mei Theo. Der is net folle to bilibjen sa'n wacht. Poepen sille der nou grif net mear komme. En hwat der al lâns riidt moatte wy nammers ek gean litte. De greate izeren hikke is op 't slot. Dat wy kinne net op 'e wei komme. Dochs forfeelt it my net. Theo witsafolle to for­heljen dat it muoit my suver as it fjouwer ûre is. Hy hat de hiele wrâld hast roun west en alle greate havenstêdden hat er bynei sjoen.

As ús ôflos lykwols komt geane wy dochs mar by de trap op om ús ris lekker yn in tekken to rôljen. Ûnder radiomuzyk en it lûd fan de stimmen fan in pear nachtwachten fan 'e Wetterlieding binne wy dochs sa mar fier fuort. Alles went op 't lêst; ek dizze slieperij, al skrillit men noch wolris towekker troch in dreamende neistlizzer. Der bine guon dy't it nuver opsizze kinne yn'e sliep, dat ha wy wol fernaem. Sa is it ek alris bard fan 'e wike dat der ien ynienen oerein sitten gyng en frege: "Do you speak English?" en doe kaem der in hiel Ingelsk forhael efteroan. Oft it allegearre wol goed Ingelsk west hat sil de fraech wol wêze.

Freed 27 april 1945

De lêste dagen ha wy mar hwat omhingele. Folle to dwaen is der net mear. It wachtklopjen giet nacht en dei troch. Tuskentiden meije wy wolris efkes fuort. In pear, dy't thús min mist wurde kinne, binne al wer nei hûs ta. De nacht fan tiisdei op woansdei mocht ik thús wêze om't wy de oare deis fuort soene. Doe't ik lykwols woansdei mei myn koffer mei spullen der wer wie waerd ús oansein dat de reis wer in dei útsteld wie. Wy soene dan nei de séigge efter Dokkum moatte. Juster hearden wy wer dat it noch in dei letter waerd. Sa kin men oan 'e gong bliuwe. Hiel hwat dingen út 'e koffers ha wy al wer brûke moatten, dat it saekje leit al wer moai trochinoar en ik moat wolris sykje. Dit lange wachtsjen bigjint ús ek wol hwat to forfelen. Wim stjûrt my dêrom der op út om ris to Burgum to pinfiskjen hoe't it nou komt. De gemeentlike kommandant jowt my it boadskip mei dat elts dy't wurk hat mar wer oan 'e slach gean moat. Der liket fan dy hiele kustwacht to'n earsten net folle to kommen. Ik moat moandei ek wer oan it wurk, seit er. As ik fuort moat kinne hja my altiten noch wol fine.

Fan it gemeentehûs fyts ik nei de iepenbiere skoalle mei in brief foar immen dy't dêr is. Ien fan 'e wachten, dy't ik wol goed ken, lit my de saek nochris efkes sjen. Der sitte nou noch sa'n dikke hûndert man. Ea nou en dan geane der wer guon fan 'e slimsten nei Ljouwert.

Mei it NBS-weintsje, dat juster blau oerspuite is om't it oars in bytsje to noedlik waerd mei dy Dútske kleuren, kin ik moai meiride.

Nei iten geane wy mei in man as fiif de bosk troch om ris to sjen oft der ek noch hwat fan 'e poepen efterlitten is. Wy sjogge de loapgraven hwat nei, strune de boskjes troch, geane efkes boppe op 'e belvedère, dêr't wy ús der oer forwûnderje hoe't alles yn oarder is. In kreas keamerke mei oan alle kanten finsters, in kachel, radio, tillefoan, elektrysk ljocht; alles tige geryflik. Men hat ek in prachtich útsjoch oer de Burgumer Mar. It moat suver in nocht west hawwe foar de Luftwaffemannen om hjir wacht to hawwen.

Wy sjogge fan boppen ôf dat de barakken tichte by de bosk krekt ôfbrutsen wurde. It materiael wurdt nei Burgum oerbrocht.

Yn 'e hiele bosk ha wy net folle mear to forstriken fornimme wy wol. Hjir en dêr is in loopgraef of in skûlgat mar alles is leech. Hwat in gaedlik oefenfjild hiene dy soldaten hjir oars! Ek in pear sjitbanen binne der. Wy ha hjir fan 'e wike ek alris oan it sjitten west mei it gewear, de stengun en de brenn.

As wy wer op it Wettergebou oankomme giet dêr it nijs dat wy allegearre moarn grif ôfswaeije kinne op in stik as fiif nei, dy't hjir de boel biweitsje moatte. Mar hoefolle oft der fan oan is wurde wy net gewaer. Ôfwachtsjen is dus it ien­nichste hwat wy dizze dei fierder dwaen kinne. Sahwat healwei toalven op 'e joun is it. Wy sille op bed. By de muorre lâns leit al in moai rigeltsje to sliepen, alhiel birôlle yn 'e tekkens. Ien hat syn teannen forgetten; tominsten fiif bleate teannen kypje út in tekken wei. De man sels leit fêst to sliepen. Dit kin wille jaen fansels! Hoe moatte wyhjir mei oan? Mei in strieke kidelje? Né, it kin noch moaijer! Ien hat wol tou. Al ridlik gau is der hoeden in strûp om 'e greate tean lein. De oare ein komt om 'e tean fan in buor­ an. Dan yn 'e midden in oar tou, dêr't oan lutsen wurde kin. Allegearre jowe wy ús nou del. Wy harkje noch efkes nei de radiobirjochten fan kertier foar toalven; dan wurdt it stil.

Ynienen (nei in hoart oan it tou fansels) lûkt ien fan 'e beide toutsjemannen syn fuotten al ris hwat op. Wer in lûkje en hy wrot al raer hinne en wer. Op 't lêst kronkeIt er as in iel yn it strie om ta great formeits fan 'e netsliepende meislie­pers oant hy, nei in fûle skuor oan it tou, oerein fljocht en in taest nei syn tean docht. Underwiles hat ek de man oan 'e oare ein fan it toutsje nuvere stekken yn syn tean field en dan wurdt fansels de oarsaek gau ûntdutsen. Mei in skjir­re forhelpe hja de kwael. De iene wriuwt allinne noch hwat op in pynlike tean om. De kwesje wurdt lokkich goed opnaem en al ringen is it laitsjen by mannichien oergien yn in rêstich, rhytmysk sykheljen, by in inkelden ien sels yn in tige muzikael snoarkjen.

sneon 28 april 1945

Húshimmelje! Dat wurd bihearsket in great part fan dizze dei. De measten swaeije hjoed ôf. Dêrom moat de boel hjoed skjin. De froulju dy't út en troch der alris west hawwe om de saek hwat to hoffenjen binne der nou wer. It strie moat derút, de tekkens wurde útkloppe en to wierjen hongen, de flier wurdt skrobbe en alles wurdt ôfstoffe en ôfwosken. Mei man en macht binne wy der suver oan iterstiid ta mei bisteld.

Nei iten is it tiid om ôfskie to nimmen.

Jaep bliuwt as groepskommandant mei trije man: Theo, Bartele en Freark. Hja komme by Oostenbrug yn 'e kost en moatte op it Pompstation om bar op wacht. De wapens foar harren bliuwe hjir; de rest giet nei Burgum.

Stadichoan geane der al guon fuort. Dan nimt de iene ôfskie, dan de oare. In pear binne noch oan it ôfdoegjen wylst de Juffer ôfwasket.

Ik sykje myn spullen byinoar. As ik ré bin sjoch ik om my hinne. Dit sil no de ein wêze fan in tiidrek dat ús allegearre ús hiele libben wol heuge sil. Dan in hânjaen, in pear tankwurden, in "Oant sjen!" en it is foarby. Ús tsjinst as NBS-ers is dien!

Fjirtjin dagen binn' wy hjir noch mar. It liket my wol fjirtjin wiken ta; der is ommers ek sa folle bard.

Nou giet de boer wer nei syn bidriuw, de arbeider sil tonei moarns wer nei it melklân panderje en jouns nei hûs kroaskje, de molkrider wer syn ientoanige lopen dwaen, de kantoarman wer de hiele dei tusken fjouwer muorren sitte. Elts is wer soldaet ôf. It ûnderskie yn rang en stân, yn leauwe en libbensopfetting, yn omgong en ûntjowing, dat hjir yn dizze dagen einliken weifallen wie, sil him grif wer iepenbierje. Hjir fielden wy ús ien. Wy koene meiinoar ús wurk dwaen, meiinoar libje, meiinoar stride yn dizze spannende tiid. Soe it aenst yn tiden fan frede, fan rêst, hwannear't ús lân wer opboud wurde moat, ek noch kinne? Ik freezje ...

It libben sil aenst wer fierder rôlje, krektlyk as wikemannich lyn. Elts hat syn wurk wer, elts docht syn dingen wer. Allinne sil der ien forskil wêze: wy binne frij. "Frij!" Ik wol it wol oer de hiele wrâld útroppe, útraze. "Frij, frij, frij ! ! " En dochs liket it as bigjinne de minsken it al wer to forjitten, it al wer gewoan to finen. Der wurdt al wer krimmenearre, kankere. Binne de minsken dan de slaggen forgetten sadré't de stôk fan 'e rêch is? Wurdt de grutte skat fan 'e frijdom fuort al wer net genôch wurdearre? En dochs kinne wy gean dêr't wy wolle; wy kinne ús jouns wer rêstich deljaen. En – och, ja dat heart der dochs ek by – der mei wer iepenlik en rounút krityk levere wurde op alles en noch hwat, der mei wer krimmenearre en kankere wurde en dan hoecht men net bang te wêzen dat men ophelle wurdt. Ek dat is frijheit!

Ek sil hja in leechte jaen, de frijdom. Is net de spanning fan it ûnderdûken en it gefaer fan it

yllegale wurk foar mannichien in stik fan it libben wurden? Oare wearden, oare taken sille dy leechte wer opfolje rnoatte. Sille hja it by eltsenien kinne?
It libben giet syn gong. Ja, elts giet wer nei hûs. Mar yn somlike huzen bliuwt in lege stoel. Dêr mist in heit, in soan, in broer! Dêr is ien de doar útgien om syn plicht to dwaen, mar hy is bleaun yn 'e striid. It libben giet fierder mar troch in memmehert is in skerp swurd snien; foar in faem hat him oer in ljochtsjende takomst in njûre, neare nacht lein; in frou is forwoune yn it djipst fan har bistean, hja sil fuortoan allinne stean foar de swiere taek om har berntsjes great to bringen.

Bliid is oars eltsenien. To djipper fiele hja it leed dy't net bliid wêze kinne om't har herte skriemt en yn rouwe is. Hja hawwe de frijdom to djûr koft om der daliks tankber foar to wêzen. Hja binne it dy't treast en help fan minsken nedich hawwe, fan ús, dy't biwarre bleauwen yn greate gefaren, mar mear noch fan Him, Dy't us biwarre. Dy't in man foar widdouwen en in heit fear wezen wêze wol. Hy sil it mei allegearre goed meitsje, mar wy hawwe ús plicht ek to dwaen troch de stoflike need wei to nimmen, troch to dwaen hwat wy as in eareskuld fan ús folk biskôgje moatte: it forsoargjen fan 'e nei­litten húshâldings en sibben fan 'e fallen striders!
O Hear, help har! help ús!

Simmer 1945.

Foto's, mei dank, oernommen fan Wietse Leistra. "oudtzummarum.nl"

 

 
Vooraan met krans, de chef van de groep Hardegarijp-Noordbergum van de N.B.S., Wim van Oosten.

 
Vooraan met krans, de chef van de groep Hardegarijp-Noordbergum van de N.B.S., Wim van Oosten.

 

 

 


Evert Sijbesma,met het gezin waar hij ondergedoken was (Fam.Jacobi, Veenwoudsterwal)
v.l.n.r. dochter Jacobi, Mevr.en Heer Jacobi (jongste dochter op voorgrond, Evert Sijbesma
en zijn zuster Evertje Sijbesma.

 
v.l.n.r: Evert Sijbesma, Tjalling Talma en Harmen de Vries.

 

 

 

 

 

By Joomla 1.6 Templates and Simple WP Themes